Op 31 oktober is dichter Jaap Veenstra ferstoarn. Hy debutearre yn 1986 mei de bondel De nacht midstwa en publisearre yn 2016 de twatalige bondel Gatten yn it tek / Gaten in het dak. Hy wie as dosint ferbûn oan Stenden Hogeschool.

Syn gedichten wiene yn ’e regel beskôgjend fan aard. Hy beseach de meiminske en syn krewearjen mei in myld each. Dêrneist skreau er ek gedichten dy’t mear op syn persoanlik fielen yngiene. Dat die er bygelyks yn syn debútbondel De nacht midstwa yn it religieuze trijelûk . Yn dy fersen beskreau er de relaasje tusken minske en God, mei de twivels dy’t dêrmei anneks binne.

Yn de twadde bondel hie de tematyk fan de skriuwer him ferdjippe. Fannijs sette er him ôf tsjin de systemen dy’t de minske bine wolle, oft it no gie om it leauwen of de managementkultuer dy’t hjoed-de-dei foar master opslacht.

Neist it skriuwen fan poëzij en ferhalen wie Jaap Veenstra ek ferteller fan (folks-)ferhalen. Fierder wie er lid fan it Rottefalster Fertelkollektyf.

Mear ynformaasje
- Syn biografy op Sirkwy
- Friduwih Riemersma en Abe de Vries op Fers2

Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar.