Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: Peke Donia (1943) fan Nyckle Haisma.

In fragmint út it earste artikel:
"Hoewol’t it boek bytiden net frij is fan in poarsje romantyske fernweh, spilet it ferhaal him suver folslein yn Fryslân ôf. It is hielendal út it Fryske perspektyf weiskreaun fan de doarmer dy’t wer thúskomt. Yndië is yn feite net mear as in achtergrûndekor dat tekening jout oan de haadfiguer. Yndividuele Yndonesiërs spylje gjin rol fan betsjutting, likemin as it Yndonesyske nasjonalisme dat yn Haisma syn jierren al wat yn opkomst wie."

Lês mear yn it dossier oer Befrijing yn de Fryske literatuer. De kommende perioade mear artikels fan Jan Ybema oer Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet.

Oer de online Dei fan de Fryske letterkunde:
De Dei fan de Fryske Letterkunde giet dit jier oars as oars, nammentlik digitaal. Yn de moannen novimber en desimber kinst fia de webside fan Sirkwy ferskate lêzingen en webinars folgje. De earste lêzing wurdt op 6 novimber online set. Der sille ûnder oaren lêzingen jûn wurde troch Jan Ybema, oer Fryske boeken dêr’t Nederlânsk-Ynje en de befrijing fan Nederlânsk-Ynje in rol yn spylje, en troch Elske Schotanus, oer de nije útjefte fan Efter it tried dêr’t Reimer van Tuinen ferhalen yn fertelt oer syn tiid yn konsintraasjekamp Amersfoort.

Liket it dy nijsgjirrich de lêzingen te folgjen? Yn 't foar opjaan is net nedich. Alles watst dwaan moatst is efkes dizze webside yn 'e gaten hâlde.

De Dei fan de Fryske letterkunde wurdt organisearre troch de Fryske Akademy en Tresoar.