Deputearre Sietske Poepjes lange hjoed de dr. Obe Postmapriis oan Jan Popkema oer. De útrikking wie fan ’t jier troch de koroanamaatregels oars as gewoanwei. Jan Popkema krige de priis thús yn Burgum foar de Fryske oersetting fan it boek Das Parfum (It parfum). De priis bestiet út in bedrach fan 2000 euro en in oarkonde.

It programma oangeande de útrikking fan de dr. Obe Postmapriis koe fan 't jier spitigernôch net trochgean. Explore the North, Tresoar en provinsje Fryslân wolle dêrom graach op in letter momint omtinken freegje foar de winner, syn wurk en it ûnderwerp literêr oersette. Sa kin der rjocht dien wurde oan de winnende oersetting. Dat programma oer oersetten stiet pland foar 2021. De eksakte útfiering is ôfhinklik fan de dan jildende koroanamaatregels.

Oer de priis
De dr. Obe Postmapriis 2020 is ornearre foar oersettingen fan en nei it Frysk út it tiidrek 2016 - 2019. De provinsjale literêre priis wurdt útrikt út namme fan de provinsje Fryslân en de organisaasje fan de priis is yn hannen fan Tresoar. De priis is neamd nei dichter Obe Postma (1868-1963), dy’t sels Fryske oersettingen makke hat út ûnder oare it Dútsk en Amerikaansk.

Mear ynformaasje oer de priis stiet op webside oer de provinsjale prizen fan de provinsje. Ynformaasje oer eardere winners is te finen op de webside fan Sirkwy.

Lês it rapport fan de advyskommisje hjirre.

Foarsitter fan de advyskommisje oer de priis en de winner:

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.