Op 18 novimber is dichter Klaas Feenstra ferstoarn. Hy waard berne yn Nijlân (gemeente Wymbritseradiel). Hy hat de Mulo A en B folge en hat letter de fakdiploma’s foar de gemeente-administraasje helle en wurksum west as gemeente-amtner. As dichter hat Klaas Feenstra benammen nei syn pensjoen fan him hearre litten.

Hy hat publisearre yn de Frysktalige blêden Frysk en Frij en De Stim fan Fryslân, de literêre tiidskriften De Moanne/Trotwaer, Hjir en Ensafh, op de Fryske skriuwerskalinder en yn ferskate artikels yn de Ljouwerter Krante. Ta in dichtbondel mei eigen wurk kaam it earst yn 2004 mei Guozzekloft. Yn 2008 folge Hege flecht en yn 2017 Fol fan blommen.

Mear ynformaasje
- Syn biografy op Sirkwy