De rige artikels fan Jan Ybema wurdt ûnderbrutsen troch in oare bydrage yn it dossier. Janette Bosma, research masterstudint Nederlânske literatuer en kultuer út Utrecht, rûn fan augustus oant en mei novimber staazje by Tresoar. In part fan har ûndersyk presintearret se yn in lêzing.

Foar har staazje hat Janette Bosma ûndersyk dien nei de kollums fan Lipkje Post-Beuckens, better bekend as Ypk fan der Fear. Under de namme Frou X publisearre sy yn de jierren nei de oarloch alle wiken in kollum yn it Frysk Deiblêd. Ut it ûndersyk komt ûnder oare nei foaren dat de befrijingstiid foar in soad froulju in momint wie om har rol yn de maatskippij ta diskusje te stellen. Hoe’t dat krekt foar Frou X jildt, fertelt Janette yn in filmke.

Besjoch en beharkje de lêzing yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer.

Oer de online Dei fan de Fryske letterkunde:
De Dei fan de Fryske Letterkunde giet dit jier oars as oars, nammentlik digitaal. Yn de moannen novimber en desimber kinst fia de webside fan Sirkwy ferskate lêzingen en webinars folgje. De earste lêzing wurdt op 6 novimber online set. Der sille ûnder oaren lêzingen jûn wurde troch Jan Ybema, oer Fryske boeken dêr’t Nederlânsk-Ynje en de befrijing fan Nederlânsk-Ynje in rol yn spylje, en troch Elske Schotanus, oer de nije útjefte fan Efter it tried dêr’t Reimer van Tuinen ferhalen yn fertelt oer syn tiid yn konsintraasjekamp Amersfoort.

Liket it dy nijsgjirrich de lêzingen te folgjen? Yn 't foar opjaan is net nedich. Alles watst dwaan moatst is efkes dizze webside yn 'e gaten hâlde.

De Dei fan de Fryske letterkunde wurdt organisearre troch de Fryske Akademy en Tresoar.