Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels foar de online Dei fan de Fryske letterkunde hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed de lêste kear: De koma-korrektor (2018) fan Baukje Zijlstra. Lês it hjirre.

In fragmint út it artikel:
"De koma-korrektor kiest in oar fertelperspektyf as de eardere boeken oer it militêr yngripen yn Yndië. Foar it earst yn in Frysktalige roman sjogge wy it Yndiëferline yn De koma-korrektor benammen út it perspektyf fan de twadde generaasje wei, troch de eagen fan de dochter fan de Yndiëgonger."

Lês mear yn it dossier oer Befrijing yn de Fryske literatuer. Dat wie it lêste artikel fan Jan Ybema. Lykwols goed nijs: yn jannewaris ferskine der ek noch bydragen yn it ramt fan de online Dei fan de Fryske letterkunde.

Oer de online Dei fan de Fryske letterkunde:
De Dei fan de Fryske Letterkunde giet dit jier oars as oars, nammentlik digitaal. Yn de moannen novimber en desimber kinst fia de webside fan Sirkwy ferskate lêzingen en webinars folgje. De earste lêzing wurdt op 6 novimber online set. Der sille ûnder oaren lêzingen jûn wurde troch Jan Ybema, oer Fryske boeken dêr’t Nederlânsk-Ynje en de befrijing fan Nederlânsk-Ynje in rol yn spylje, en troch Elske Schotanus, oer de nije útjefte fan Efter it tried dêr’t Reimer van Tuinen ferhalen yn fertelt oer syn tiid yn konsintraasjekamp Amersfoort.

Liket it dy nijsgjirrich de lêzingen te folgjen? Yn 't foar opjaan is net nedich. Alles watst dwaan moatst is efkes dizze webside yn 'e gaten hâlde.

De Dei fan de Fryske letterkunde wurdt organisearre troch de Fryske Akademy en Tresoar.