De earste bydrage fan it nije jier yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer komt fan Abe de Vries: 'Douwe Kiestra en de Fryske skuld'. Lês it hjirre.

In fragmint út it artikel:
"Nei 1918 rekket de Fryske beweging op ’e nij sterk ferpyldere en mei troch allerhande politike en persoanlike strideraasjes komt it Fryske nasjonalisme, as oerkoepeljende ideology, mear en mear yn ’e knipe. As yn it begjin fan de tritiger jierren in nije, swiere ekonomyske krisis útbrekt, hoecht it jin net te fernuverjen dat in part fan de Fryske nasjonalisten ta is oan wat nijs. Dat sil it Fryske faksisme wurde, dêr’t Douwe Kiestra mei Jan Melles van der Goot en Rintsje Sybesma in sintrale rol yn krije sil."

Lês mear yn it dossier oer Befrijing yn de Fryske literatuer. Yn de moanne jannewaris ek noch bydragen yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer. Nije wike: Elske Schotanus oer in nije útjefte fan Efter it tried fan Reimer van Tuinen.

Oer de online Dei fan de Fryske letterkunde:
De Dei fan de Fryske Letterkunde giet dit jier oars as oars, nammentlik digitaal. Yn de moannen novimber en desimber kinst fia de webside fan Sirkwy ferskate lêzingen en webinars folgje. De earste lêzing wurdt op 6 novimber online set. Der sille ûnder oaren lêzingen jûn wurde troch Jan Ybema, oer Fryske boeken dêr’t Nederlânsk-Ynje en de befrijing fan Nederlânsk-Ynje in rol yn spylje, en troch Elske Schotanus, oer de nije útjefte fan Efter it tried dêr’t Reimer van Tuinen ferhalen yn fertelt oer syn tiid yn konsintraasjekamp Amersfoort.

Liket it dy nijsgjirrich de lêzingen te folgjen? Yn 't foar opjaan is net nedich. Alles watst dwaan moatst is efkes dizze webside yn 'e gaten hâlde.

De Dei fan de Fryske letterkunde wurdt organisearre troch de Fryske Akademy en Tresoar.

Foto: Portret fan Douwe Kiestra, datearring ûnbekend. Foto: Kolleksje Tresoar.