Nije bydrage yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer, fan Elske Schotanus: 'Efter it tried'. Lês en besjoch it hjirre.

Daliks nei de oarloch waard Efter it tried út, Kampsketsen út Amersfoort publisearre ûnder de namme Häftling 10039, it kampnûmer fan skriuwer en túnker Reimer van Tuinen. Febrewaris 2021 ferskynt de werútjefte by Utjouwerij Louise / Eddy van der Noord, foarsjoen fan in ynlieding troch Elske Schotanus. 

‘Fan de nûmers en nammen yn dit boekje binne guon echt, oaren fingeard', sa ferklearret de skriuwer achteryn de oarspronklike útjefte. Yn de ynlieding en lêzing fertelt Elske Schotanus oer har syktocht nei de ferhalen achter de fingearre nammen, dy fan Van Tuinen syn kampmaten dy't, oars as hysels, de oarloch net oerlibben.

Lês mear yn it dossier oer Befrijing yn de Fryske literatuer en besjoch de lêzing. Yn de moanne jannewaris ek noch bydragen yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer. Nije wike: in artikel fan Bouke Slofstra.

Oer de online Dei fan de Fryske letterkunde:
De Dei fan de Fryske Letterkunde giet dit jier oars as oars, nammentlik digitaal. Yn de moannen novimber en desimber kinst fia de webside fan Sirkwy ferskate lêzingen en webinars folgje. De earste lêzing wurdt op 6 novimber online set. Der sille ûnder oaren lêzingen jûn wurde troch Jan Ybema, oer Fryske boeken dêr’t Nederlânsk-Ynje en de befrijing fan Nederlânsk-Ynje in rol yn spylje, en troch Elske Schotanus, oer de nije útjefte fan Efter it tried dêr’t Reimer van Tuinen ferhalen yn fertelt oer syn tiid yn konsintraasjekamp Amersfoort.

Liket it dy nijsgjirrich de lêzingen te folgjen? Yn 't foar opjaan is net nedich. Alles watst dwaan moatst is efkes dizze webside yn 'e gaten hâlde.

De Dei fan de Fryske letterkunde wurdt organisearre troch de Fryske Akademy en Tresoar.