Nije bydrage yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer, fan Bouke Slofstra: 'Mieren en poepen yn 'e Fryske letteren'. Lês it hjirre.
Bouke Slofstra: "De Fryske skriuwerij beweecht him yn in meartalige kontekst, lykas de Fryske taal sels. It paradoksale dêrfan is dat dy meartaligens him likegoed yn ’e kontekst fan de Fryske skriuwerij beweecht. In skriuwer kin in oarstalich personaazje wol of net yn syn eigen taal sitearje, en dat kin er op ferskate wizen dwaan. Dêrmei kin de skriuwer in bepaald effekt berikke, of net. Dat personaazje kin op ferskate wizen typearre wurde, mei of sûnder apart taaltsje."
Lês mear yn it dossier oer Befrijing yn de Fryske literatuer.
Oer de online Dei fan de Fryske letterkunde:
De Dei fan de Fryske Letterkunde giet dit jier oars as oars, nammentlik digitaal. Yn de moannen novimber en desimber kinst fia de webside fan Sirkwy ferskate lêzingen en webinars folgje. De earste lêzing wurdt op 6 novimber online set. Der sille ûnder oaren lêzingen jûn wurde troch Jan Ybema, oer Fryske boeken dêr’t Nederlânsk-Ynje en de befrijing fan Nederlânsk-Ynje in rol yn spylje, en troch Elske Schotanus, oer de nije útjefte fan Efter it tried dêr’t Reimer van Tuinen ferhalen yn fertelt oer syn tiid yn konsintraasjekamp Amersfoort.
Liket it dy nijsgjirrich de lêzingen te folgjen? Yn 't foar opjaan is net nedich. Alles watst dwaan moatst is efkes dizze webside yn 'e gaten hâlde.
De Dei fan de Fryske letterkunde wurdt organisearre troch de Fryske Akademy en Tresoar.
Foto: De kwaksalver foar de hopsek te Ljouwert. Rimen en teltsjes, útj. Breuker e.o. 1974, side 121. Plaatsje fan Ids Wiersma.