Alle jierren stiet yn de lêste wike fan jannewaris poëzy sintraal yn Nederlân, want dan is it de poëzywike. De lêste tongersdei fan de moanne is Gedichtedei. It tema fan de poëzywike 2021 is 'Samen'. Der wurde ferskate aktiviteiten organisearre, ek yn Fryslân en mei Fryske dichters. Fansels giet alles online.
Der is ek alle jierren in poëzygeskink. Yn 2021 is dat skreaun troch Maud Vanhauwaert en Rodaan Al Galidi. It geskink is te krijen by de boekhannel. Sjoch foar alle ynformaasje oer de poëzywike op de webside.
Yn de poëzywike fersoargje twa Fryske dichters in optreden op Poetry International. By 'Poetry on Impact' binne Tsead Bruinja en Nyk de Vries te gast. Bruinja syn termyn as Dichter des Vaderlands sit der op en op tongersdei 28 jannewaris om 20.30 oere is der in online sessy mei him. De Vries is op dit stuit Dichter fan Fryslân en op tiisdei 2 febrewaris om 20.30 oere stiet hy sintraal. It binne online byienkomsten fan sawat in heal oere mei foardracht en fragen fan it publyk. Sa komme je yn de kunde mei de dichters. Sjoch foar alle ynformaasje by Poetry International.
Literêr tydskrift Ensafh hâldt yn de poëzywike wer de Grutte Gedichtejûn, diskear online. Op freedtejûn 5 febrewaris om 19:30 oere wurdt de jûn fia it YouTube-kanaal fan it tydskrift útstjoerd. Dichters en skriuwers koene in filmke opstjoere en dy wurde omsmeid ta ien grutte gedichtejûn. Tuskentroch sil der ek muzyk wêze. Alle ynfo is by Ensafh te finen.