Op 27 jannewaris is dichter en skriuwer Jan J. Bylsma ferstoarn. Hy groeide op yn Ljouwert en helle nei it gymnasium oan de Rykskweekskoalle de ûnderwizersakte. Neidat er in tal jierren as ûnderwizer foar de klas stien hie, en yn de tuskentiid Nederlânsk en Frânsk studearre, waard er learaar Nederlânsk oan de Ryksskoallemienskip op It Hearrenfean. Dêr bleau er oant syn pinsjoen ta. Bylsma hat lange jierren aktyf west yn de Frysk literêre wrâld.

As dichter debutearre Bylsma yn 1967 mei de bondel Striptease. Yn dy tiid, healwei de jierren sechtich, wie de perioade fan de eksperimintele dichtkeunst fan de earste desennia nei de oarloch al wer oan it bestjurjen. De poëzy waard direkter, helderder, de taal ûntdien fan stilistyske franje. It wurk fan Jan J. Bylsma lit in beynfloeding fan dy wize fan dichterlik tinken sjen; syn doel wie, neffens eigen sizzen, poëzy skriuwe foar de proazalêzer en de analfabeet. Bylsma hat dy wize fan wurkjen yn al syn bondels tapast. Tusken 1967 en 1992 binne der seis bondels fan syn hân ferskynd.

Njonken poëzy hat Bylsma ek proaza skreaun. Yn 1968 ferskynde fan syn hân de koarte roman It fersin. It boek kaam út yn in perioade fan fernijing yn ’e Fryske romankeunst. De roman waard net goed ûntfongen troch de kritisy en krige mar in bytsje belangstelling fan de lêzers, foar Bylsma in reden om net wer in roman te skriuwen. Syn folgjende projekt wie, tegearre mei skriuwer/plysjeman Anne Hellinga, it útbringen fan de plysjeroman Moard op ’e Himrik (1973). Dêrnei folgen noch twa boeken yn dy searje. It tegearre skriuwen fan in boek wie nij yn de Fryske literatuer.

Dêrneist hat Bylsma ek by oare literêre saken belutsen west. Sa wie er redakteur fan it tydskrift De Strikel fan 1967 oant 1978. By gelegenheid fan de 90ste jierdei fan âld-meiredaksjelid Reimer van Tuinen hat Jan Bylsma, yn ’e mande mei oaren, it boekje Myn moaiste fersetsje: Reimer van Tuinen en De Strikel, gearstald. Foar Rients Gratama hat er kabaretteksten skreaun, wêrûnder it bekende Dit Lân. Yn 1970 sette er de bekende novelle De fûke fan Rink van der Velde oer yn it Nederlânsk.

Hjirûnder trije fersen fan Bylsma út Operaesje Fers:



Mear ynformaasje
- Biografy Frysk
- Biografie Nederlands
- Pieter de Groot yn de Leeuwarder Courant (01-02-2021)
- Henk van der Veer op syn webloch (31-01-2021)
- Omrop Fryslân (31-01-2021)