Yn maart begjinne der twa online skriuwkursussen by Tresoar. Sa jout Jetske Bilker in kursus oer it skriuwen fan ferhalen en romans. Dêrneist is der in toanielskriuwkursus dy't jûn wurdt troch Wessel de Vries yn gearwurking mei KeunstwurkSTAF en St.U.F.T.

Online kursus proaza skriuwe
Yn dizze kursus ‘proazaskriuwen online’ krije de kursisten fia Meet troch skriuwster Jetske Bilker hânfetten en skriuwtechniken. Se jout konkrete tips foar hoe’t je as skriuwer hannelje moatte, en hoe’t je in ferhaal of roman begjinne. Oan ’e oarder komme wichtige proaza-eleminten lykas: spanning, personaazjes, de eigen styl, it kiezen fan in perspektyf (wa fertelt it ferhaal?) en it skriuwen fan in goede dialooch.

Yn de lessen krije de kursisten online ynformaasje; de kursisten geane  thús mei opdrachten oan de slach en stjoere dy per mail op.
Feedback fan de kursusliedster giet ek oer de mail. Wa’t derneist ferlet hat fan feedback fan de oare kursisten kin dat oanjaan. Fragen fan kursisten oer de stof wurde per mail of – as it kin - online behannele.

Mear ynformaasje by Online kursus proaza skriuwe.

Online toanielskriuwkursus 'Dyn earste ienakter'
Skriuw dyn earste ienakter! Ofwol in pocketferzje fan in ôfrûne stik. As begjinnend skriuwer learst hoe’t de struktuer fan in toanielstik opboud is en watfoar skriuwtechniken oftst brûke kinst. Hoe skriuwst in pakkend begjin? Wat wurdt de klimaks of dyn darkest moment? Tresoar organisearret in online toanielskriuwkursus yn gearwurking mei KeunstwurkSTAF en St.U.F.T.

Yn de online groepsesjes krijst útlis oan de hân fan foarbylden. Dêrnei giest selsstannich oan de slach mei dyn eigen ienakter. Krijst persoanlike feedback op de ferskate fazen fan dyn stik, sadatst oan de ein fan de kursus in moaie basis hast foar dyn earste ienakter.

Geskikt as ferfolch op de toanielskriuwkursus ‘Je eigen stem vinden’ dy’t yn oktober begûn is by Keunstwurk. Mei de help fan útienrinnende skriuwoefeningen giest by dy kursus op ’e syk nei dyn eigen stim as toanielskriuwer.

Mear ynformaasje by Online toanielskriuwkursus 'Dyn earste ienakter'