'It liket my aardich om in ferhaal of boek yn it Frysk te skriuwen, mar wit net krekt hoe't ik begjinne moat.'

Jildt dat ek foar dy? Jou dy dan op foar de online kursus proazaskriuwen. 

Yn dizze kursus 'proazaskriuwen online' krije de kursisten fia Teams troch skriuwster Jetske Bilker hânfetten en skriuwtechniken. Se jout konkrete tips foar hoe't je as skriuwer hannelje moatte, en hoe't je in ferhaal of roman begjinne.

Oan 'e oarder komme wichtige proaza-eleminten lykas: spanning, personaazjes, de eigen styl, it kiezen fan in perspektyf (wa fertelt it ferhaal?) en it skriuwen fan in goede dialooch.

Yn de lessen krije de kursisten online ynformaasje; de kursisten geane thús mei opdrachten oan de slach en stjoere dy per mail op.

De kursus wurdt jûn yn fiif moandeijûnen: 12 april, 26 april, 10 maaie, 31 maaie en 21 juny fan 20.30 - 21.30 oere. 

Foar mear ynformaasje: Online kursus proaza skriuwe.