Hjoed is it 100 jier lyn dat Tiny Mulder (1921-2010) berne waard. Tresoar jout de kommende tiid omtinken oan it hûndertste bertejier fan de skriuwster, yn de foarm fan in dossier op literatuerwebside Sirkwy. Hjoed stiet it earste stik online: 'Het vriendelijke gezicht van Canada', skreaun troch sjoernalist en skriuwer Abe de Vries.

Tiny Mulder wurke yn 1947 as reiskorrespondint foar it Friesch Dagblad en in pear oare kristlike kranten. Oer har ferslaggen út de Feriene Steaten hat Abe de Vries yn it Friesch Dagblad fan 27 maart skreaun; diskear giet er yn op har reizen troch Kanada. Sa skriuwt De Vries:

"Mulders transatlantische reis in 1947 had een tweeledig doel: om het vreemde, moderne, commerciële, massale Amerika te laten zien, en om Canada te belichten als een aantrekkelijk land om naartoe te emigreren. Emigratie was na de oorlog snel een maatschappelijk thema geworden. Nederlanders ontvluchtten hun vaderland onder meer vanwege werkloosheid, woningnood, tekorten aan goederen, en uit angst voor communisten en Koude Oorlog. Een Algemene en een Christelijke Emigratie Centrale werden opgericht om de reiswilligen bij te staan. Emigratie werd na 1950 uitdrukkelijk ook door de Nederlandse overheid aangemoedigd. Van 1947 tot 1963 verhuisden 147.000 Nederlanders naar Canada, bijna de helft méér dan naar de VS." 

Lês syn artikel hjir: 'Het vriendelijke gezicht van Canada'.

Nei 2 april wurdt der geregeld wat nijs pleatst yn it dossier. Ferskate minsken litte har ljocht skine oer it libben en wurk fan de skriuwster. Sa drage studinten fan de NHL Stenden Hegeskoalle gedichten foar, wurdt der in analyze jûn fan de roman Tin iis en wurdt der yngien op har ynset foar de berneliteratuer. Dêrneist wurdt der argyfmateriaal fan en oer de skriuwster jûn, lykas stikken út de oarloch en audiomateriaal út it nije Frysk Audio Argyf.