Dit jier is it 100 jier lyn dat Tiny Mulder (1921-2010) berne waard. Tresoar jout de kommende tiid omtinken oan it hûndertste bertejier fan de skriuwster, yn de foarm fan in dossier op literatuerwebside Sirkwy. Hjoed binne foardrachten fan studinten fan de NHL Stenden Hegeskoalle te hearren. Sy drage in pear gedichten fan Tiny Mulder foar. De oare foardrachten folgje oer in pear wiken. Besjoch de foardrachten hjirre.
De kommende tiid wurdt der geregeld wat nijs pleatst yn it dossier. Ferskate minsken litte har ljocht skine oer it libben en wurk fan de skriuwster. Sa drage studinten fan de NHL Stenden Hegeskoalle gedichten foar, wurdt der in analyze jûn fan de roman Tin iis en wurdt der yngien op har ynset foar de berneliteratuer. Dêrneist wurdt der argyfmateriaal fan en oer de skriuwster jûn, lykas stikken út de oarloch en audiomateriaal út it nije Frysk Audio Argyf.