Dit jier is it 100 jier lyn dat Tiny Mulder (1921-2010) berne waard. Tresoar jout de kommende tiid omtinken oan it hûndertste bertejier fan de skriuwster, yn de foarm fan in dossier op literatuerwebside Sirkwy. Hjoed in artikel fan Jant van der Weg oer Mulders ynset foar de Fryske berneliteratuer. Lês it hjirre.

In fragmint út it artikel fan Jant van der Weg:
"Neist gedichten skreau Tiny Mulder ek proaza foar bern. Yn 1959 waard In kibich span, in soarte fan Jip-en-Janneke-ferhaal oer Bouke en Iteke, publisearre foar de jongste groep lêzers. Omslach en yllustraasjes wiene fan de keunstner Meinte Walta. Yn 1981 krige it ferhaal op oanstean fan Berneboekepraat, in wurkgroep foar berneliteratuer fan it Skriuwersboun, noch in twadde, bewurke en aktualisearre printinge. Ommers, woartels jilde dan net mear fjouwer dûbeltsjes en bern geane ûnder de brûs, net mear yn ‘e tobbe. Ek yn 1959 waard it wat minder súksesfolle kabouterferhaal, Rare dokter Dingdong, publisearre."

De kommende tiid wurdt der geregeld wat nijs pleatst yn it dossier. Ferskate minsken litte har ljocht skine oer it libben en wurk fan de skriuwster. Sa drage studinten fan de NHL Stenden Hegeskoalle gedichten foar, wurdt der in analyze jûn fan de roman Tin iis en wurdt der yngien op har ynset foar de berneliteratuer. Dêrneist wurdt der argyfmateriaal fan en oer de skriuwster jûn, lykas stikken út de oarloch en audiomateriaal út it nije Frysk Audio Argyf.