Dit jier is it 100 jier lyn dat Tiny Mulder (1921-2010) berne waard. Tresoar jout de kommende tiid omtinken oan it hûndertste bertejier fan de skriuwster, yn de foarm fan in dossier op literatuerwebside Sirkwy. Hjoed in artikel fan Jant van der Weg oer Mulders ynset foar it oersetten fan berneliteratuer yn it Frysk. Lês it hjirre.

In fragmint út it artikel fan Jant van der Weg:
"Foar in auteur as Tiny Mulder dy't graach kreatyf mei taal omgie, genoat fan it boartsjen mei taal, binne der net allinnich mooglikheden yn eigen wurk. Wurk fan 'soartgenoaten' lykas James Krüss en yn it bysûnder Lewis Carroll biedt dan likegoed in útdaging. De earste, Krüss, ferkeart boppedat ek wat yn 'e famylje. As Helgolanner heart er ta de Fryske taalfamylje, hoewol’t er foaral yn it Dútsk skreau. Fanwegen har persoanlike kontakt mei him fielde Tiny har troch him ynspirearre yn har wurk, spesjaal yn dat foar bern. Oersetten is dan fansels in opsje."

De kommende tiid wurdt der geregeld wat nijs pleatst yn it dossier. Ferskate minsken litte har ljocht skine oer it libben en wurk fan de skriuwster. Sa drage studinten fan de NHL Stenden Hegeskoalle gedichten foar, wurdt der in analyze jûn fan de roman Tin iis en wurdt der yngien op har ynset foar de berneliteratuer. Dêrneist wurdt der argyfmateriaal fan en oer de skriuwster jûn, lykas stikken út de oarloch en audiomateriaal út it nije Frysk Audio Argyf.