Dit jier is it 100 jier lyn dat Tiny Mulder (1921-2010) berne waard. Tresoar jout de kommende tiid omtinken oan it hûndertste bertejier fan de skriuwster, yn de foarm fan in dossier op literatuerwebside Sirkwy. Hjoed mar leafst twa nije stikken yn it dossier. Lês de bydragen hjirre.

It iene stik giet oer it suksesresept fan de roman Tin iis. Gerbrich de Jong freget har ôf hoe't te ferklearjen is dat de roman sa populêr is. In fragmint:

"In boek oer oarloch en ellinde is yn prinsipe net direkt wêr't je oan tinke by in boek foar bern. Bern wolle je ommers beskermje tsjin it leed yn 'e wrâld en in goed gefoel jaan oer it libben. Tagelyk ha berneboeken in didaktyske funksje: se wolle bern wat leare. Dy spanning is op syn sterkst yn boeken oer de Holocaust: it is sawat in ûnmooglikheid om oan de iene kant de werklikheid te toanen en tagelyk it minskbyld fan de jonge lêzer heech te hâlden. Yn jeugdboeken oer de Holocaust sjochst dêrom dat strategyen ynset wurden om it boadskip te fersêftsjen. Ien sa'n strategy is dat sokke boeken tsjin de realiteit yn faak goed ôfrinne." Lês hjir fierder.

Meiwurker fan Tresoar Otto Kuipers hat stikken út it argyf opdjippe. Der binne bryfkes bewarre bleaun dy't Tiny Mulder yn de oarloch ûnder in skûlnamme skreaun hat. It artikel fan Kuipers begjint sa: "Yn it lêste oarlochsjier fûn der in foarfal plak dat grutte yndruk makke op de jonge Tiny Mulder, trouwens, net allinnich op harsels, it hiele ferset yn Smellingerlân wie fan slach." Lês it artikel en besjoch de scans hjirre.

De kommende tiid wurdt der geregeld wat nijs pleatst yn it dossier. Ferskate minsken litte har ljocht skine oer it libben en wurk fan de skriuwster. Sa drage studinten fan de NHL Stenden Hegeskoalle gedichten foar, wurdt der in analyze jûn fan de roman Tin iis en wurdt der yngien op har ynset foar de berneliteratuer. Dêrneist wurdt der argyfmateriaal fan en oer de skriuwster jûn, lykas stikken út de oarloch en audiomateriaal út it nije Frysk Audio Argyf.