Dit jier is it 100 jier lyn dat Tiny Mulder (1921-2010) berne waard. Tresoar jout de kommende tiid omtinken oan it hûndertste bertejier fan de skriuwster, yn de foarm fan in dossier op literatuerwebside Sirkwy. Hjoed in bydrage fan Geart de Vries, de biograaf fan Tiny Mulder, dy't op 4 maaie 2018 in taspraak hold doe't der it buordsje ‘Tiny Mulder-plein’ yn Beetstersweach ûntbleate waard. Lês it hjir.

In fragmint út it stik fan Geart de Vries:
"Froulju en ferset is in tema dat pas let serieuze oandacht krigen hat. De grutte skiedskriuwer fan de oarloch, Lou de Jong, hie yn syn magnus opus oer de jierren ’40-’45 amper omtinken foar fersetsfroulju. It wurk fan koeriersters wie stypjend en froulju spilen net mear as in rol op ’e achtergrûn, in byrol. Nammers: froulju rûnen fral yn it begjin fan de oarloch ek minder gefaar en koene mear har gong gean as fersetsstriders, omdat de Dútsers allinne mar in rol foar de frou seagen yn de húshâlding en miskien heechút yn klupkes fan woldiedichheid. Mar ferset: nee dat sochten se net direkt achter froulju."

De kommende tiid wurdt der geregeld wat nijs pleatst yn it dossier. Ferskate minsken litte har ljocht skine oer it libben en wurk fan de skriuwster. Sa drage studinten fan de NHL Stenden Hegeskoalle gedichten foar, wurdt der in analyze jûn fan de roman Tin iis en wurdt der yngien op har ynset foar de berneliteratuer. Dêrneist wurdt der argyfmateriaal fan en oer de skriuwster jûn, lykas stikken út de oarloch en audiomateriaal út it nije Frysk Audio Argyf.

Foto: Drachtster Courant/Fokke Wester.