Seis skriuwers sille ek dit jier wer in tal wiken tahâlde yn de Skriuwersarke, de eardere arke fan Rink van der Velde, by De Feanhoop. It giet om Jan Minno Rozendal, Wilma Miedema, Warner B. Banga, Aukje Wijma, Harmen Bloemhof en Youvan Bergsma. Se stelle har koart foar om't it troch koroana dit jier wer net (likemin as yn 2020) mooglik is om de Skriuwersarke op de wenstige manier te iepenjen mei in lytse seremoanje op De Feanhoop. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan stifting FLMD.

Jan Minno Rozendal (1 maaie-15 maaie)
Rozendal studearre skiednis yn Grins. Earder publisearre er in pear romans en in biografy fan A.M. Wybenga. Hy docht ûndersyk nei Douwe Kalma (1896-1953). "Ik hoopje op in biografy fan dizze skriuwer/ foaroanman/Fryske beweger (en safolle mear) te promovearjen by it Biografie Instituut fan de Rijksuniversiteit Groningen. Yn it ôfrûne jier haw ik foar it earst yn de arke sitten. It hat my tige foldien, de rêst om te wurkjen is dêr folslein. Yn maart bin ik begûn as Fellow fan Tresoar om it earste jier fan de Jongfryske Mienskip, oprjochte troch Kalma yn 1915, neier te ûndersykjen."

Wilma Miedema (15 maaie- 12 juny)
Yn 2019 siet se ek in pear wiken yn de arke en skreau doe in grut stik oan har earste boek In oare wei mei oare eagen. "Ik ha in fijne tiid hân en ik hoopje dat ik dizze kear wer safolle ynspiraasje opdwaan mei om te skriuwen, no oan in berneboek. In hiele útdaging dy't ik graach oangean wol. Dat boek sil gean oer aventoeren fan twa jonge bern, dêr’t de natoer ek in grut plak yn hawwe sil. Wat kin dan mear ynspirearje as tydlik ek midden yn de natoer te ferbliuwen."

Warner B. Banga (12 juny- 3 july)
De Dokkumer "skryft meestal non-fiksy, suas over moalens (Jim mutte komme: ut waait!) of bier (Bierbrouwen in Dokkum), mar bijna altyd gaat ut over de geskiedenis fan ‘myn’ stad Dokkum." Yn 2020 ferskynde in bondel mei ferhaaltsjes en gedichtsjes oer Dokkum yn it Dokkumers. "Ik wil myn tyd in de Skriversarke bruke om te werken an un fertaling fan ut kynderboek Siderius de Granaet fan Abe Brouwer in ut Dokkumers, ut Dokkumer Woardeboek en nije ferskes en ferhaaltsjes over de noardelukste en moaiste stad van Fryslân." 

Aukje Wijma (3 july-24 july)
Se brocht sân dichtbondels út (fjouwer Fryske en trije Nederlânske) en in boekje mei fotogedichten. No sil se foar de twadde kear nei de arke om har dêr del te jaan en ta nij dichtwurk te kommen. "Tsien jier lyn binne de wurden foar myn dichtbondel fan 'e boaiem dêr te plak skood. No sil ik oan 'e slach mei foto's en wurden, foto’s út 'e omkriten fan it arkje. Dêrnjonken wol ik ek wurk oersette yn it Frysk. Ferwûndering en ferbining binne wurden dy’t troch de tiid hinne mei my oprinne."

Dichterskollektyf RIXT (24-31 july) 
Lykas ferline jier sille ferskate leden fan dichterskollektyf RIXT ek yn de arke ferbliuwe om te wurkjen. Ferline jier wurken twatallen oan in mienskiplik gedicht.

Harmen Bloemhof (31 july-14 augustus)
Ek Harmen Bloemhof komt foar de twadde kear werom. "It is in moaie oantrún om yn in rêstige natuerlike omjouwing te skriuwen en te dichtsjen. Ik haw der mear romte en tiid as thús yn Harns om kreatyf te wêzen. Myn ferbliuw yn 2019 hat resultearre yn de bondel petgatten en swarte gatten – ien mei de kosmos, dy’t yn 2020 ferskynde. Dizze kear sil ik dwaande mei gedichten oer myn libbenspaad."

Youvan Bergsma (14 augustus- 28 augustus)
De terapeute hat al fan jongs ôf oan in protte belangstelling foar de Fryske taal. Se wurke by de Afûk, makke foar Douwe Tamminga in tal manuskripten printree en die skriuwûnderfining op troch kontakten mei Tjitte Piebenga en Trinus Riemersma, mei wa’t se yn in skriuwerskollektyf siet foar kabaretteksten. "Ik skriuw faak en graach, sawol gedichten as ferhalen. Dêrneist meitsje ik muzyk. Sûnt in tal jierren haw ik dy twa kombinearre en skriuw ik lietsjes, mar ek saneamde ‘soundscapes’, wêrby’t ik muzyk meitsje by teksten. Yn de arke wol ik dwaande mei in noch bettere ferbining tusken tekst en muzyk. Ik sil wurkje oan poëzy en tige koarte ferhalen, dy’t ik ek op muzyk sette sil. It tema sil wêze de fuortgong yn in minskelibben."