Der binne wer twa nije bydragen pleatst yn it dossier oer 100 jier Tiny Mulder. Studinten fan de learare-oplieding Frysk oan de NHL Stenden Hegeskoalle hawwe ferskate gedichten fan Tiny Mulder foardroegen. In pear wiken wiene de earste resultaten te hearren en besjen. No folget de rest fan de foardrachten. Dêrneist is der in 'picture poem' oer in gedicht fan Mulder pleatst.

- Besjoch/beharkje de foardrachten fan de studinten hjirre.  
- Besjoch/beharkje de picture poem 'O sa te wurden' hjirre.

Yn it dossier litte ferskate minsken har ljocht skine oer it libben en wurk fan de skriuwster. It dossier is hast oan de ein; de kommende perioade wurde noch pearels út it audioargyf fan Tresoar beskikber makke, dy't digitalisearre wurde troch it Frysk Audio & Film Argyf.

Foto: argyf Tresoar.