Hylke Speerstra, skriuwer fan tal fan Fryske 'bestsellers' is dizze moandei 85 jier wurden, en dêrmei wolle we him fansels fan herte lokwinskje! 

Boeresoan Hylke Speerstra wurke as sjoernalist by ferskate blêden en wie haadredakteur fan de Leeuwarder Courant (1989-1996). Nei 35 jier as sjoernalist aktyf west te hawwen krige er nei syn pensjoen tiid en gelegenheid om breder proazawurk op te pakken. Dat die er mei in protte sukses. Syn boeken It wrede paradys, De oerpolder, De treastfûgel en Op klompen troch de dessa fûnen in breed publyk. It wrede paradys waard ien fan de bêst ferkochte Fryske boeken oait. Der kamen oersettingen yn it Nederlânsk en yn it Ingelsk.

Okkerdeis ferskynde syn nijste roman: Testamint fan de siel. Twa jonges belibje, alhiel los fanelkoar, in ferskriklike jeugd. De iene yn it Fryske wetterlân, de oare tusken in keppel mislearre ymmigranten op de Kanadeeske prêry. As bern wurde se oan harren lot oerlitten, mar se sette troch. Beide meitsje se karriêre en fine de leafde. Wat se trochmakken en harren pleaget ferswije se. Oant se wer allinne komme te stean en yn Kanada as âlde mannen mei-elkoar yn ’e kunde komme. Se reitsje oan de praat en fertrouwe elkoar ta wat se noait kwyt woene.

Fiif jier lyn, by Speerstra syn tachtichste jierdei, krige er by Tresoar in ferrassingsfeest. Dêrby spruts Eelke Lok him ta (as âld-kollega) mei in sprutsen kollum:

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.

 

Op itselde feest spruts ek Henry J. Baron, Speerstra syn Amerikaanske freon, yn in fideoboadskip:

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.