Op woansdeitemiddei 14 july 2021 is de Rink van der Veldepriis 2020 lang om let útrikt. Yn stee fan by de Skriuwersarke, sa’t it doel wie, is dat koronaproof bard yn de foyer fan De Lawei te Drachten. Wethâlder fan kultuer fan Smellingerlân Robin Hartogh Heys van de Lier lange Johan Veenstra de priis oer.

Johan krige njonken it jildbedrach (€ 2.000, beskikber steld troch de Stifting FLMD) en de oarkonde it troch Anne en Roelie Woudwijk út stien houde byld mei dêrop de twa favorite ynstruminten fan Rink van der Velde, fioele en lûkharmoanika. De sjuery bestie út Joukje Aardema, Nynke Andringa en Koos Tiemersma. Sjoch foar it sjueryferslach en mear ynformaasje op dizze side.

Foto's: Sieta Stel Fotografie.

Utrikking Rink van der Veldepriis 2021 2

Utrikking Rink van der Veldepriis 2021 4

Utrikking Rink van der Veldepriis 2021