Op 14 augustus is it 200 jier lyn berne dat Waling Dykstra berne is. Hy groeide op yn in bakkershúshâlding te Froubuorren. Hy soe sels ek bakker wurde, mar nei't er yn 1840 nei Spannum ferhuze wie om heite saak oer te nimmen, krige er al rillegau syn nocht fan dat fak ôf. Hy joech it bakken stadichwei oer en begûn om 1850 hinne mear en mear te suteljen mei allerhanne guod. Yn 1838 wie er op 17-jierrige leeftyd al begûn mei it skriuwen fan fersen en ferhalen en syn literêr wurk soe úteinlik fan tiidferdriuw ta kostwinning wurde.

Waling Dykstra hat yn syn hast 75-jierrige skriuwerskip mear as 120 boeken en boekjes skreaun; dêrûnder twa romans, fiif lietebondels, mear as tritich toanielstikken en net te tellen safolle gedichten en ferhalen. Sa likernôch 10 persint fan al it skreaune Frysk yn de twadde helte fan de 19e iuw is fan syn hân. Dêrby wie er de samler (redakteur) fan literêre tydskriften lykas De Byekoer (jierboek; 1846-1895) en De Fryske Húsfreon (twamoanliks; 1851-1869).

As fuortsetter fan de Halbertsma-tradysje leveret er literatuer en lektuer foar 'it folk': noflik te lêzen, net dreech te begripen, mei werkenbere types dy't men sels tsjinkomme kinne koe. As folksopfieding stiet syn skriuwerij yn de tradysje fan it Nut (Maatschappij tot Nut van 't Algemeen) en propagearret it ferljochting, emansipaasje en liberalisme. Fan 1860 ôf bringt er yn it saneamde 'Winterjûnenocht' sokke ideeën ek nei foarren yn doarpskafees en op boppesealen. Tsientûzenen Friezen hat er op dy wize foar it earst yn 'e kunde brocht mei kultuer yn de eigen taal.

Fan ûnwittend grut belang, ek wittenskiplik, foar de Frysktalige kultuer binne de beide standertwurken út de hjerst fan syn libben, de Nederlânsktalige folksferhalesamling Uit Friesland's volksleven (1892-1896) en it Friesch Woordenboek (1911).

Lês mear oer Waling Dykstra en syn wurk yn syn biografy.