Op 11 novimber 2021 is skriuwer Meindert Bylsma tachtich jier wurden. Om dat feit te fieren hat Tresoar Arjan Hut frege om in skôging te skriuwen oer it dichtwurk fan Bylsma. De ôfrûne wiken is dy skôging pleatst yn dit dossier op Sirkwy. Hjoed wurdt it dossier ôfsletten mei audiofragminten út it Frysk Film en Audio Argyf.

Dat Agyf hat it ôfrûne skoft ferskate fragminten digitalisearre en beskikber makke foar it publyk. Sa binne der in pear fan Bylsma's Operaesje Fers-gedichten beskikber steld en is it doel dat takom jier de hiele set online komt. Ien fan de fragminten is it gedicht 'Wy hawwe inkeld nije spultsjes foar jo', Operaesje Fers. Oare fragminten binne te finen yn it dossier.