Skriuw dyn earste ienakter! Ofwol in pocketferzje fan in ôfrûne stik. Nei it súkses fan ferline jier wurdt dizze kursus op ’e nij oanbean.
As begjinnend skriuwer learst hoe’t de struktuer fan in toanielstik opboud is en watfoar skriuwtechniken oftst brûke kinst. Hoe skriuwst in pakkend begjin? Wat wurdt de klimaks of dyn darkest moment?
Yn in kombinaasje fan live en online groepsesjes krijst útlis oan de hân fan foarbylden. Dêrnei giest selsstannich oan de slach mei dyn eigen ienakter. Krijst persoanlik feedback op de ferskate fazen fan dyn stik, sadatst oan de ein fan de kursus in moaie basis hast foar dyn earste ienakter.
Tresoar organisearret de toanielskriuwkursus yn gearwurking mei Keunstwurk en St.U.F.T.
Publisearje by St.U.F.T.
Toanielferienings hawwe in soad belangstelling foar nije ienakters. Toanielútjouwerij St.U.F.T nûget dy dêrom fan herte út om dyn ôfrûne ienakter oan te melden foar publikaasje. Dy wurde dan beoardiele troch in ûnôfhinklike lêskommisje, dy’t advys jout oer watfoar stikken útjûn wurde.
Oanmelde
Oanmelde kin oant tongersdei 17 febrewaris 2022. Oan de kursus kinne maksimaal 8 persoanen dielnimme. Oanmelde kin by Keunstwurk.
Praktyske ynformaasje
Moandei 28 feb 19.30 – 22.00 oere op lokaasje by Keunstwurk
Moandei 14 maart 20.00 – 21.15 oere online fia Zoom
Moandei 11 april 20.00 – 21.15 oere online fia Zoom
Moandei 25 april 19.30 – 22.00 oere op lokaasje by Keunstwurk
Moandei 9 maaie 19.30 – 22.00 oere op lokaasje by Keunstwurk
Lokaasje: Zoom of op lokaasje by Keunstwurk, Snekertrekweg Ljouwert
Kosten: €195,-
Taal: Nederlânsk, Frysk en streektalen
Maksimum tal dielnimmers: 8
Oanmelde oant tongersdei 17 febrewaris 2022
Oer dosint: Wessel de Vries
Wessel de Vries (1994) is toanielskriuwer en skriuwt senario’s foar films. As toanielskriuwer wurket er in soad yn Fryslân (Tryater, Meeuw Jonge Theatermakers, Skoft&Skiep), mar ek dêrbûten (KASKO/Kameroperahuis, Theater Sonnevanck). Films skriuwt er benammen yn opdracht fan syn eigen filmkollektyf Natte Haring, dêr’t er de films ‘Het Grandioze Falen’ en it bekroane ‘Drie mensen vinden een auto’ mei makke.
De teksten dy’t Wessel skriuwt wurde kenmerke troch humor en fantasy en behannelje in ferskaat oan ûnderwerpen. Sa skreau er û.o. oer trije bruorren dy’t it hûs net út doarre (‘Schiettent’, 2016), syn favorite fuotbalklup (‘Het Heilige Hert van Cambuur’, 2018) en oer kampingbewenners dy’t sykje nei it paradys (‘Part time Paradise’, 2019). Foar KASKO ûntwikkele Wessel in tekst oer it ferjeien fan demoanen op in aaklik tsjerkhôf (‘De Klok en het Meisje’, 2018).
Fotograaf: Wytze Hoogslag