Akke Radsma soe op 25 maart dit jier hûndert jier wurden wêze, dus in moaie oanlieding om mear te fertellen oer har libben en wurk as foardrachtskeunstner yn in nij dossier op Sirkwy. Se waard foar it earst frege foar in rol yn in toanielstik yn Stiens doe’t se santjin wie en dêrnei hat se altyd toanielspile. Sy is ûnder mear ferneamd wurden troch it kabaretselskip De Spinnekop, dat oprjochte wie troch Roel Oostra. Radsma fersoarge ek de populêre rubryk ‘Oer de hage’ foar de RONO (Regionale Omroep Noord en Oost) en wurke in soad gear mei tekstskriuwer Paulus Akkerman.

Foar it dossier hat âld-literatuer- en kultuersjoernalist Pieter de Groot him ferdjippe yn it argyf dat by Tresoar bewarre wurdt en oer it libben en wurk fan Radsma skreaun. De kommende wiken komt it stik fan De Groot yn parten op Sirkwy. Hjoed it twadde part: Akke Radsma hûndert jier ferlyn berne - 2.

Foto: yn de fyftiger jierren skreau Roel Oostra revu's dy't opfierd waarden yn Drachten, Akke Radsma spile mei. Foto: argyf Annet van der Hoek.