Op 19 maaie is Corry Boelens ferstoarn. Boelens wurke lange tiid yn de soarch, mar sei dat wurk op doe't se fyftich waard. Se hie doe omtrint it lêste ûnderdiel fan har stúdzje Frysk helle, it didaktysk foech, en sa waard se lesjouwer by de Afûk. En se begûn mei skriuwen, neffens wat se har altyd al foarnommen hie. Se fersoarge fierder gauris ynliedings oer Fedde Schurer en makke diel út fan de skriuwersploech HYSP. Foar it Frysk Deiblêd skreau sy in tal boekresinsjes.Ek fersoarge se in skoftlang de lede-administraasje fan de KFFB, dêr't se ek as skriuwer en skathâlder aktyf foar wie.
Corry Boelens publisearre koarte ferhalen op de F-side fan de Ljouwerter Krante en yn it ledeblêd fan de KFFB De Fleanende Krie. Ek literêr tydskrift De Moanne publisearre wurk fan har. Yn 2004 ferskynde by de KFFB har debútroman Paadsikers en yn 2012 kaam har twadde roman Wa fertelt de takomst? út. Fierder levere se oersettingen, ûnder oare fan de roman Eilandgasten fan Vonne van der Meer.
Mear lêze
- De biografy op Sirkwy