Tresoar bestiet 20 jier! Yn septimber 2002 is Tresoar ûntstien troch in fúzje fan de Provinsjale Biblioteek, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en it Ryksargyf. Anno 2022 is de Fryske literatuer noch altyd ien fan de wichtichste spearpunten fan Tresoar. Dêrom ynvestearje wy dit jier yn in nije webside foar Fryske literatuer, yntegrearre yn de webside fan Tresoar. Under de projektnamme Nij Sirkwy is in projektgroep fan Tresoar úteinset mei de fernijing fan Sirkwy.frl.

Fansels binne wy ek benijd nei de ûnderfiningen fan ús hjoeddeistige brûkers. Hokker siden fan it hjoeddeistige Sirkwy brûkst? En hokker ynformaasje mei aanst net ûntbrekke op de fernijde literatuerwebside? Lit fan dy hearre! Us projektteam bondelet alle ynstjoeringen en nimt dizze ynput mei by it ûntwikkeljen fan de webside. In lytse kanttekening: wy dogge ús uterste bêst om yn elk ferlet te foarsjen, mar jouwe gjin garânsjes. Wy wurdearje dyn ynput en hoopje datst dy aanst thúsfielst op de nije webside!

Dit is de link nei de fragen: https://forms.office.com/r/vTN2a6wezA. Wy sjogge ynput graach foar 20 july temjitte.