Dizze maitiid soe de Simke Kloostermanpriis útrikt wurde oan I.E. Bloem foar It neidiel fan 'e twivel, mar dat gie troch omstannichheden net troch. Dy priis is foar oarspronklik Frysktalige berne- en jeugdboeken. Ien dy't in soad foar de Fryske berneliteratuer betsjutten hat, is Diet Huber (1924-2008). Dêr komt by dat dit jier ek foar it earst de Diet Huberpriis takend wurdt, oan de makker fan de bêste yllustraasjes fan in yn boekfoarm ferskynd Frysk berneboek. Dêrom is in nij dossier oer Diet Huber oanlein. Sigrid Kingma, op dit stuit Dichter fan Fryslân, is de ôfrûne tiid yn gien op it wurk fan Huber. It twadde en lêste part is no te lêzen: Poëzij dêr't elk op siet te wachtsjen.

Koart oer Diet Huber
Fan Fedde Schurer, doe haadredakteur fan de Friese Koerier, krige Huber yn 1952 it fersyk om foar de Koerier de bernerubryk te fersoargjen. Se krige fan Schurer alle romte om wykliks in heale pagina te foljen; se die dat ûnder oaren mei ferhaaltsjes, gedichten, in jierdei- en in brieverubryk. De yllustraasjes foar de pagina makke se sels. Yn datselde jier fersoarge se ek de yllustraasjes foar it Boek foar Fryske Bern. Har gedichten wiene sprankeljend en nij troch de rike fantasij, de klankrykdom, de assosjaasjes en de kar fan de ûnderwerpen. Yn in tiid dêr’t anekdoatyske en moralistyske fersen foar bern foar master opsloegen, diene en seine de bern en bisten yn de gedichten fan Diet Huber de frjemdste dingen. Yn boekfoarm debutearre se yn 1955 mei de bondel Tutte mei de Linten. De suksesfolle bondel befettet inkelde gedichten dy’t ferneamd woarn binne, lykas ‘De biezem en de bjinder’ en ‘De reus pak-yn-pak-op’.

Foto: Diet Huber kriget in Italjaanske priis foar in boek. Links op de foto: dr. Ria Bauer, heechlearaar yn de berne- en jongereinliteratuer. Foto út kolleksje Tresoar.