Op freedtejûn 28 oktober wurdt mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2022 fan 29 oktober o/m 6 novimber. Op dizze feestlike jûn sil ek it Kadoboek presintearre wurde.
De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Bart Kingma en der is muzyk fan ‘Las Bandidas’. It Frysk Boekefeest wurdt dit jier holden yn sealesintrum ‘Hof van de Koning’ op it Hearrenfean. Om 19:30 gean de doarren iepen, it programma begjint om 20:00 oere. De tagong is fergees, elkenien is fan herte wolkom.
It Kadoboek ‘De oarloch fan Jan Snip’ is dit jier skreaun troch Ferdinand de Jong. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike foar elkenien fergees te krijen by oanskaf fan op syn minst €15,00 oan Fryske boeken. It Kadoboek fan 2022 wurdt útjûn in gearwurking mei útjouwerij Bornmeer.
Ferdinand de Jong en Gurbe Douwstra sille yn de Fryske Boekewike tegearre op ’n paad. Yn in pear oeren swalkje se de wrâld oer. Fan Nova Scotia, fia de Cliffs of Moher nei it uterste noarden fan Sibearië en keare úteinlik werom nei Fryslân. In libbensreis yn ferhalen en muzyk.
It programma duorret twa kear 45 minuten mei in healoere skoft. By alle optredens fan Ferdinand de Jong en Gurbe Douwstra binne de nijste Fryske boeken te keap.
De Fryske Boekewike en it Kadoboek binne in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân.
Foto: Jacob van Essen.