Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2023 beneamd. De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis dy't sûnt 1947 om it jier útrikt wurdt. It iene jier foar Frysktalige proaza, it oare jier foar Frysktalige poëzy. Yn 2023 wurdt de priis takend foar proaza dat yn de perioade 2019-2022 ferskynd is.
De advyskommisje bestiet út:
- Rieuwert Krol, redakteur fan it literêre weblog Tzum;
- Jelma Knol, redakteur fan tydskriften en boeken en dosint kreatyf skriuwen en skiednis;
- Jarich Hoekstra, oant foar koart heechlearaar Frysk yn Kiel en aktyf as auteur en oersetter.
De namme fan de priis ferwiist nei de Fryske dichter Gysbert Japicx. Hy wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it Frysk as skreaune taal.
Nije proseduere
Foar de beneaming fan de trije advyskommisjeleden is sûnt dit jier in nije proseduere ynsteld. Neffens it nije reglemint moat ien fan de leden beneamd wurde nei foardracht út it literêre fjild wei. Foargeande jierren waarden alle trije advysleden troch Tresoar foardroegen. De nije wurkwize foar it útstellen fan de advyskommisje is ûntstien op oanrieden fan it literêre fjild. It is dit jier noch net slagge om in kommisjelid op dy wize foar te dragen. Op de wervingsaksje dy't troch de provinsje útset is, is út it fjild wei net ien foarsteld.
Neffens de regels moatte der trije advysleden beneamd wurde. Dêrom is besletten om dit jier de kommisjeleden foardrage te litten troch Tresoar en de Fryske Akademy.
Op basis fan it advys fan de kommisje wurdt troch Deputearre Steaten fan Fryslân de winner keazen.
Foto: deputearre Sietske Poepjes rikt de Gysbert Japicxpriis 2021 út oan Eeltsje Hettinga.