Op 29 desimber is Baukje Wytsma hommels ferstoarn. Wytsma skreau ûnder oare fersen, berneboeken en lietteksten. Mei Tineke Steenmeijer wie hja ek de betinker fan de namme 'Tresoar' yn 2002.

Baukje Wytsma begûn mei it skriuwen fan opsisferskes foar bern yn de tiid dat se as beukerliedster foar de klas stie. Se debutearre yn 1976 mei it boekje Romke Timen Tomke en oare opsizferskes, yn 1978 folge troch De rare richelroek en oare opsizferskes. Har earste bondel mei persoanlike poëzy, Noch ien slach om 'e buorren, ferskynde yn 1980. Nei har debútbondel kaam der om de pear jier in nije bondel fan Wytsma yn it ljocht. Yn 2021 waard ta gelegenheid fan har 75ste jierdei de bondel Wyt ljocht útbrocht.

Njonken dichteres wie Baukje Wytsma ek skriuwster fan berneboeken. Sy hat allinnich, en yn 'e mande mei oaren, sa'n tweintich titels fan berneboeken op har namme stean.

Mear lêze
- De biografy op Sirkwy (Frysktalich)
- De biografie op Sirkwy (Nederlandstalig)