Op 12 jannewaris is skriuwer en oersetter Harke Bremer ferstoarn. Hy foarme al sûnt ein jierren santich in fêst span mei Jarich Hoekstra as it gie om it skriuwen en oersetten. Har grutte taalrykdom en kreatyf fermogen stelden har by steat om de praattaal fan strypferhalen as fan Asterix oer te bringen yn tige orizjineel Frysk, mar ek it eptige en aparte idioom fan Marten Toonder yn dy syn Bommelferhalen. Hja krigen yn 1996 de dr. Obe Postmapriis.
As tredde rige oersettingen binne dêr de strypferhalen oer de aventoeren fan kaptein Rob troch Pieter Kuhn. Bremer en Hoekstra skreaune ek eigen proazawurk. It earste, Hâld faasje!, is in kolderyk ferhaal oer in learaar maatskippijlear en biology dat ris karakterisearre waard as in ‘strypferhaal sûnder plaatsjes’, it twadde, De Frouwepenje, in fernimstige histoaryske detektive dy’t spilet yn East-Fryslân ûnder it ting fan de Upstalbeam yn 1323.
Yn 2013 folge Leffert, in heldedicht, ferteld mei humor en in soad ferwizingen nei dizze tiid. Ek yn Leffert foel it linige taalgebrûk tige op. Fiif jier letter kamen Hoekstra en Bremer mei De trettjinde asega, in thrillereftige fertelling à la Dan Brown, opboud út in âlde sêge oer Karel de Grutte wei. Yn 2022 folge It smelle ûngelok mei 25 balladen.
Mear lêze
- De biografy op Sirkwy (Frysktalich)
- In memoriam gymnasium Celeanum Zwolle
- Sietse de Vries, LC 17-01-2023