Al jierrenlang docht FeRstival, De Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis, in berop op Fryske dichters. Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? Graach stelt Cedin, de organisator fan FeRstival, foar de edysje fan 2023 wer in FeRsefariaasje-bondel gear mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde. Dit jier is it ek mooglik om mei te dwaan oan in spesjale skriuwgroep.

In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn FeRsefariaasje. Dat sil nei de simmerfakânsje nei de skoallen stjoerd wurde. Der binne trije doelgroepen:
- Starters 1ste klasse basisfoarming, dus 12/13 jier;
- Trochsetters 2de en 3de klassers, dus 14 en 15 jier;
- Toppers 4de klassers, MBO'ers en HBO'ers, 16, 17 en 18 jier.

De útdaging is fansels om hjoeddeiske tematiken te ferwurkjen en út it perspektyf fan de jongeren wei te skriuwen. Ferline jier keazen de Starters bygelyks opfallend faak it gedicht ‘Rampgebiet’ fan Paul van Dijk. In net al te dreech gedicht mei in tema dat foar skoalgeande jongerein werkenber is. De groep Toppers kin al hiel wat oan en kiest faak moderne poëzij.

De fergoeding is € 75,- it gedicht as de karkommisje in fers útkiest. Bydrages kinne oanlevere wurde oant 1 maaie o.s. fia Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen... Wy hoopje wer in soad fersen te krijen. Neat moaier as dielnimmers dy’t nij wurk foardrage!

Skriuwgroep FeRstival
Wolst ek gedichten skriuwe foar FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid foar middelbere skoallen, mar soest ûnder it skriuwproses graach feedback krije fan oare dichters? Of fynst it gewoan moai om wat djipper yn de foardrachtkultuer te dûken? Slút dan oan by de Skriuwgroep Ferstival, in groep dichters dy’t ûnder lieding fan Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma oan ‘e slach giet mei it skriuwen fan gedichten dy’t geskikt binne om foar te dragen. Mei de groep wurde de gedichten bepraat en dielnimmers jouwe inoar tips. Digitaal meidwaan is ek mooglik. De gedichten kinne foar 1 maaie ynstjoerd wurde nei Cedin (Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen.) en guon dêrfan wurde honorearre mei in plakje yn de nije bondel FeRsefariaasje. Dat smyt € 75,- it gedicht op.

De kursus wurdt fergees oanbean troch Cedin en Tresoar. Fan herten wolkom!

Datums: tiisdei 28 maart, 4 april, 11 april en 18 april 2023
Tiid: 20.00 oere
Kosten: fergees
Lokaasje: Tresoar, kafee De Gouden Leeuw

Der is plak foar maksimaal 12 dielnimmers. Oanmelde kin oant 4 maart by Sigrid Kingma: Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen..

Foto boppe-oan: Piet Douma.

Logo FeRstival