Mei it ferskinen fan it samle wurk fan Tsjêbbe Hettinga komt de tekst fan syn ier wurk út de jierren santich, begjin jierren tachtich ek wer beskikber.

It giet om de folgjende fjouwer bondels:
Yn dit lân, 1973
Loft- Lân- & Séfersen, 1974
Fan lân loft en leafde, 1975
Tusken de bidriuwen troch is âlderdom, 1981

Yn dy bondels binne ek yllustraasjes opnommen, yn de earste trije fan Jelle Kaspersma, yn de lêste fan Joke van der Hei. De tekst is ek almeast skreaun mei de hân yn plak fan útfierd yn printletter. Jelle Kaspersma skreau de earste twa bondels op, dy út 1981 is kalligrafearre troch Lidy van Everdingen. En as lêste, in part fan de fersen út de twadde bondel binne fan Jelle Kaspersma.
Al dy dingen binne yn de nije sammelbondel wol ferantwurde, mar se koene net as sadanich oernommen wurde. Dêrom dat hjirnei foar de leafhawwers de pdf’s yn te sjen binne fan alle fjouwer bondels.

yn dit lan 1973 400x283
earste helte >>
twadde helte >>

 

loft lan en sefersen 1974 400x282
hiele bondel >>

 

fan lan loft en leafde 1975 400x255
s. 1-21 >>
s. 22-68 >>

 

tusken de bidriuwen troch is alderdom 1981
s. 1-19 >>
s. 21-37 >>
s. 39-57 >>
s. 59-75 >>



[pleatst 14.04.2017]