Yn in parseberjocht fan de provinsje is it folgjende bekend makke; wy merke hjirby op dat nominearre Abe de Vries oanjûn hat him werom te lûken; hjirby yntegraal it berjocht fan de Provinsje Fryslân:

Op sneon 14 oktober wurdt de Gysbert Japicxpriis 2017 útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert. De winner fan de priis wurdt foarôfgeand oan dizze priisútrikking ein septimber bekend makke. Deputearre Steaten komt hjirmei temijtte oan it fersyk fan de fiif nominearren.

Deputearre Steaten wie foarnimmens om mei yngong fan dit jier de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis oars op te setten. Yn dy feroare opset soe de winner pas op de dei sels bekend makke wurde. De fiif nominearren hawwe oan Deputearre Steaten witte litten dêr neat foar te fielen en leaver te hawwen dat de winner yn it foar bekend makke wurdt. Deputearre Steaten hat dêrop besletten om dit jier noch neat te feroarjen oan de opset.

Wol sil de provinsje besjen hoe’t takomstige útrikkingen fan de Gysbert Japicxpriis justjes oars stâl jûn wurde kinne. Mei in nije opset wol de provinsje mear omtinken freegje foar de priis sels, de winner en de nominearren.

Nominearren

De Gysbert Japicxpriis wurdt dit jier útrikt yn de kategory poëzij. De fiif nominearren dit jier binne Wilco Berga mei ‘Allinne en yn koar’, Eppie Dam mei ‘Fallend ljocht’, Elske Kampen mei ‘Man en mem’, Albertina Soepboer mei ‘Herbarium’ en Abe de Vries mei ‘Brek dyn klank’.

De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis fan Fryslân. De winner ûntfangt in bedrach fan € 10.000.