De provinsje Fryslân kin it idee om in 'Dichter fan Fryslân' te beneamen it bêste loslitte neffens it dichterskollektyf ‘DichterS fan Fryslân’. Yn plak dêrfan kin de provinsje mei harren yn see gean. Om dy oprop krêft by te setten giet it kollektyf dizze wike alfêst los.

It kollektyf is it net iens mei de proseduere foar de ferkiezing fan ien provinsjale 'Dichter fan Fryslân'. Se fûnen de sjuery net geskikt, wiene it net iens mei dat it in lofdichter wêze moast en fenuveren harren der oer dat de provinsje op syk is nei in amateurdichter.

It kollektyf is fan betinken dat in groep Fryske dichters it Dichterskip fan Fryslân better, spannender en fernijender foarmjaan kin as ien yndividuele dichter. "We wolle fernijend wêze en oer de aktualiteit fan Fryslân dichtsje'', fertelt Syds Wiersma. It úteinlike doel fan it kollektyf is dat de provinsjale dichter fan Fryslân net trochgiet, mar dat harren kollektyf dizze rol krijt.

DichterS fan Fryslân set útein op in eigen Facebookside: @dichtersfanfryslan, dêr’t dielnimmende dichters yn ’e oanrin nei 2018-2019 alfêst gedichten oer aktuele saken op pleatse. Der slute har noch hieltyd nije dichters by DichterS fan Fryslân oan. De groep bestiet no út 25 dichters: Willem Abma, Erik Betten, Pier Boorsma, Pieteke de Boer, Eppie Dam, Anne Feddema, Edwin de Groot, Tsjisse Hettema, Hein Jaap Hilarides, Eric Hoekstra, Yva Hokwerda, Sytse Jansma, Elske Kampen, Bartle Laverman, André Looijenga, Aggie van der Meer, Henk Nijp, Simon Oosting, Sipke de Schiffart, Jacobus Smink, Geart Tigchelaar, Jaap Veenstra, Abe de Vries, Syds Wiersma en Piter Yedema.