De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2020 is iepensteld. It is de 66ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. Oant en mei snein10 maaie o.s. kin ynstjoerd wurde. De sjuery foar 2020 bestiet út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl.