Hoe seach Waling Dykstra God? Douwe Kalma bekritisearre it Godsbegryp fan Dykstra, want Dykstra soe neat ferstean fan “it mystike” yn ‘e godstsjinst (sjoch Abe de Vries syn Foarwurd by syn blomlêzing fan Dykstra’s gedichten, Duvelskeunstner). Kalma giet der lykwols oan foarby dat Godsbegryp altyd twa kanten hat:

  • it mystyk-spirituele dat him uteret yn bygelyks kearskes brâne, meditaasje, yoga
  • it sosjaal-humanistyske dat him uteret yn bygelyks jild of tiid oan earmen of siken jaan
Lês mear...

Alve kandidaten meitsje dit jier kâns op de literêre Piter Jellespriis. Dy ûnderskieding wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt, oan in persoan of projekt dy't in bydrage leveret oan de Fryske of Nederlânske taal. De Piter Jellespriis is de literêre priis fan de stêd Ljouwert, neamd nei de yn Ljouwert berne dichter-steatsman Piter Jelles Troelstra (1860-1930).
De sjuery 2019 bestiet út Kirsten van Santen, Coen Peppelenbos en Goffe Jensma. Dy sjuery hat foar dit jier in seleksje makke út skriuwers, kollektiven en projekten. De lêste kear waard de Piter Jellespriis yn 2016 útrikt, om't der in jier dêrfoar sprake wie fan sykte yn de organisaasje. De priis waard dêrom in jier opskood en gie doe nei skriuwer en Fries om utens Nyk de Vries.

Lês mear...

Ljouwert draacht tenei de titel UNESCO City of Literature. Dat is hjoed buorkundich makke. "Mei City of Literature skriuwe wy in wichtich haadstik yn it skiednisboek fan de Fryske literatuer," sa seit Marleen Nagtegaal fan de organisaasje.

Lês mear...

Op 29 oktober is dichter Jelle Zwart ferstoarn. Hy is yn Ljouwert berne, mar groeide op yn Dokkum. Hy studearre sosjology yn Grins en hat him neist syn wurk altyd foar tal fan maatskiplike en kulturele organisaasjes ynset. As dichter kin Jelle Zwart mei rjocht in letbloeier neamd wurde. Yn 2004 debutearre er mei it fers 'Dyn lytse flecht' yn de Fryske Skriuwerskalinder en datselde jier wûn er de Rely Jorritsma-priis mei it fers 'Inkel sân'.

Lês mear...

Takom jier is it 75 jier lyn dat der in ein kaam oan de Twadde Wrâldoarloch. 75 Jier libje wy no yn frijheid. Wat betsjut dat foar ús? Wat is frijheid presys? Wurdearje wy de frijheid noch genôch? Wat is it effekt fan it frij wêzen foar ús?

Tresoar ropt skriuwers en dichters op om oer it tema '75 jier frijheid' ferhalen en gedichten te meitsjen. Wa docht mei?

Lês mear...

Waling Gerrits Dykstra (1821, Froubuorren-1914, Holwert) is ien fan de belangrykste Fryske skriuwers fan de njoggentjinde iuw. De omfang fan syn literêre produksje is amper te befetsjen en beslacht inkeld al mear as 120 boeken en boekjes, neist in net te tellen oantal los yn tydskriften publisearre bydragen. Op allerhanne terrein is er aktyf, as roman- en ferhaleskriuwer, dichter, tydskrifteredakteur, foardrager, toaniel- en lieteskriuwer, sjoernalist, folksferhalesamler en letter ek as gearstaller fan it earste Frysk wurdboek. Mear witte oer Waling Dykstra en syn tiid?

Lês mear...

Durk Hibma, eardere direkteur fan It Fryske Boek, ferstoarn (1949 – 2019).

Op tongersdei 26 septimber is Durk Hibma ferstoarn. Hy joech lieding oan Stichting It Fryske Boek, dy’t jierrenlang om dizze tiid hinne de ‘Sutelaksje’ organisearre dy’t elk jier op wol 150 plakken mei Fryske boeken sutele.

Op de roukaart stiet as motto: ‘Foar de swalker leit der gjin paad, it paad ûntstiet swalkjendewei’.

Woansdei 2 oktober sil de routsjinst plakfine yn de tsjerke fan Kûbaard om 13.30 oere.

No tongersdei, 26 septimber, om 11.30 oere wurdt op it plein foar de Blokhúspoarte de poëzystien mei it troch Eeltsje Hettinga skreaune gedicht ‘Net te beteljen’ oer frijwilligers ûntbleate: dat is in inisjatyf fan it Prins Bernhard Fûns.
Dêrnei om 12.15 oere sil útjouwerij Perio de troch Richard Bos typografysk singelier moai fersoarge útjefte fan it gedicht ‘Nachtspraak’ presintearje.

Lês mear...

De Gysbert Japicxpriis wurdt fan ‘t jier takend oan skriuwster Aggie van der Meer út Boalsert. Deputearre Sietske Poepjes hat Aggie van der Meer op 25 septimber in besite brocht om dat feestlike nijs persoanlik te fertellen. Op sneon 16 novimber wurdt de Gysbert Japicxpriis 2019 yn de Martinitsjerke in Boalsert útrikt.

Lês mear...

Wa wie Waling Dykstra? Om dy fraach te beantwurdzjen hat Abe de Vries, gastkurator fan de tentoanstelling yn Obe, in nije biografy foar op Sirkwy skreaun. Dy biografy jout in byld fan syn libben, mar benammen oer syn wurk. Men krijt in goede yndruk fan it ûnbidich soad wurk dat Dykstra ferset hat.

Lês mear...

Op 14 septimber waard mei in literêr en muzikaal program feestlik betocht dat it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) sechstich jier lyn oprjochte is. Hoewol't it FLMD begjin dizze iuw ien fan de partijen wie dy't mei-inoar Tresoar foarmen, is der noch altiten in stifting dy't projekten foar de Fryske literatuer stipet.

Lês mear...

De Stichting Literaire Actviteiten Heerenveen (SLAH) begjint it winterprogram op 24 septimber mei de tredde edysje fan it ‘Groot Heerenveens Dictee’. It diktee begjint om 18.00 oere en fynt plak yn de riedsseal fan it gemeentehûs. De organisaasje is yn hannen fan de SLAH, de Heerenveense Courant en de biblioteek Hearrenfean. Opjaan kin fia Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen..

De earste skriuwer dy’t te gast is by de SLAH, is Janny van der Molen. Sy jout in lêzing op 15 oktober. Plak: Belvédère Start: 20.00 Reservearje kin fia: Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen. Tagong € 10,00 (donateurs € 5,00). Sjoch hjir foar oare sprekkers en mear ynformaasje.

Fan 21 septimber ôf is de tentoanstelling 'Waling Dykstra - Foarútgong' te sjen yn Obe, poadium foar literatuer, keunst en taal. Mei dy tentoanstelling bringt Tresoar Waling Dykstra wer yn it Fryslân fan hjoeddedei.

Lês mear...

Op 10 septimber is skriuwer Hedzer T. Hooijenga ferstoarn. Hy begûn mei it skriuwen fan in oantal fersen, ferhalen en in feuilleton yn it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant. Om ek goed yn it Frysk skriuwe te kinnen, folge er by de Afûk in pear kursussen. Dêrmei wie de basis lein om te set mei syn earste boek.

Lês mear...

‘As stiennen prate koene

Yn de hjerst fan 2019 organisearret Tresoar yn oparbeidzjen mei Tryater in kursus, dêr’tst alles learst oer foardrachtskeunst, presintaasje en performance. It giet benammen oer de foardracht fan ferhalen: de ferskate wizen fan stimgebrûk en it ynsetten fan stilte. In goede foardrachtskeunstner brûkt teatertechniken en fertelstilen om de tekst oer te bringen.

Lês mear...

Foar it 60-jierrich bestean fan stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum organisearret Tresoar tegearre mei Poetry Slam 058 in bysûndere Poetry slam edysje. Trije dichters dy't oars net yn it Frysk dichtsje krije de kâns om as ûnderdiel op de feestmiddei op 14 septimber wat foar te dragen.

Lês mear...