Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 81 ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 25 ferhalen.

Lês mear...

Op 23 juny is skriuwster Akky van der Veer yn Boksum ferstoarn. Van der Veer begûn te lêzen en ferhalen te skriuwen doe't se as famke yn in sanatoarium lei. Yn 1973 debutearre se mei de roman Read hier en reinwetter. Dêrnei skreau se sawol boeken foar folwoeksenen as foar bern en jongerein. Dêrneist hat se ek toaniel skreaun.

Lês mear...

Op 21 juny hat Baukje Zijlstra de D.A. Tammingapriis krigen foar har debútroman De koma-korrektor. Yn de roman komme neffens de sjuery ferskate ferhaallinen nei foaren; ,,Al dy ferhaallinen bringt de skriuwster by elkoar op in wize dy’t de lêzer fan it begjin ôf oan meinimt. (..)  It is knap hoe’t se it gauris swiere ûnderwerp fan in Yndië-ferline tagonklik makket foar de lêzer.’’ In protte Frysktalige 'Yndyske literatuer' is der net, mar der komt resint wol mear omtinken foar it Yndië-ferline. Mar wat hiene Friezen eins te sykjen yn Nederlânsk-Yndië en hokker literêre wjerslach hat Yndië hân op de Friezen?

Lês mear...

Yn it tydskrift World Literature Today is in besprek ferskynd oer As Long as the Tree Blooms fan Joke Corporaal, oer de de skiednis fan de Fryske literatuer. World Literature Today is in Amerikaansk tydskrift foar ynternasjonale literatuer en kultuer en publisearret bydragen fan oer de hiele wrâld.

Lês mear...

Tresoar hat 52 fotoportretten fan Fryske skriuwers en oaren út de Fryske literatuer publisearre. De foto’s binne begjin fan dit jier makke troch Haye Bijlstra en foarmje in oanfolling op de Frysk literêre byldkolleksje fan Tresoar. Under oaren Janny van der Molen, Jan Minno Rozendal, Janneke de Boer en Skelte Braaksma binne foar it earst portrettearre. It doel is om faker sa’n searje portretfoto’s te meitsjen. De portretfoto’s binne te sjen op de literatuerside Sirkwy.frl.

Lês mear...

Op 28 maaie is skriuwster Berber van der Geest yn Boalsert ferstoarn. Van der Geest wie in alsidich talint: se dichte, skreau koarte ferhalen en berneboeken, mar se wie ek aktyf op it mêd fan toaniel en teater en dêrnjonken skreau se lietteksten. 

Lês mear...

LJOUWERT –  Baukje Zijlstra (1967) fan Frjentsjer kriget de D. A. Tammingapriis foar har romandebút De koma-korrektor. De priis, in jildbedrach fan 3000 euro en in oarkonde, sil har op 21 juny útrikt wurde yn Tresoar.

It is de twadde kear dat de Tammingapriis foar in proazadebút takend wurdt. Yn 2014 wûn Ale S. van Zandbergen de priis foar de roman Littenser Merke. Yn 2016 gong de priis nei in poëzydebút, ‘leech hert yn nij jek’ fan Geart Tigchelaar.

De sjuery, besteande út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet, keas De koma-korrektor út tsien proazadebuten dy’t tusken 2014 en 2019 ferskynd binne.
Yn de roman De koma-korrektor komme neffens de sjuery ferskate ferhaallinen nei foaren; ,,Al dy ferhaallinen bringt de skriuwster by elkoar op in wize dy’t de lêzer fan it begjin ôf oan meinimt. (..)  It is knap hoe’t se it gauris swiere ûnderwerp fan in Yndië-ferline tagonklik makket foar de lêzer.’’

De D. A. Tammingapriis, neamd nei de skriuwer en taalkundige Douwe Annes Tamminga (1909-2002) en bestuivere út it fûns fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), is yn it plak kommen fan de provinsjale Fedde Schurerpriis, dy’t yn 2012 foar de lêste kear útrikt waard.  

Wat wit ik fan dizze wrâld? Algemien kultureel opinyblêd de Moanne skriuwt in wedstryd út oer de bining mei de werklikheid fan proazaskriuwers. Op dizze wize wol de redaksje stilstean by it feit dat it 50 jier lyn is dat it earste nûmer fan Trotwaer ferskynde, de foarrinner fan de Moanne.

Lês mear...

Utjouwerij HotSum skriuwt in priisfraach út foar it bêste, net earder publisearre, Frysktalige reisferhaal. Foar de winner leit in jildbedrach fan 1500,- euro klear. It winnende ferhaal wurdt mei oare ynstjoerde (selektearre) ferhalen begjin 2020 yn de bondel Under oaren publisearre.

Lês mear...

Ek yn 2019 wurdt yn Brussel Transpoesie organisearre, it Europeeske Poëzyfestival.

Foar de twadde kear is dêr in Fryske dichter oanwêzich, nammentlik Elmar Kuiper. Hy sil 26 septimber optrede wannear’t it de Europeeske Dei fan ’e Talen is, tusken 24 oare talen út Europa. Fierder organisearret Transpoesie foarstellings yn septimber en oktober.

Lês mear...

Op freed 26 april is de skriuwersarke op De Feanhoop wer iepensteld foar skriuwers. Dit jier sille fiif skriuwers in skoftke ferbliuwe yn de arke dy't earder teheard hat oan Rink van der Velde. Dêrneist presintearren de skriuwers fan ferline jier it wurk dat se yn de arke skreaun hiene.

Lês mear...

Op 14 april is yn syn wenplak Amsterdam skriuwer en keunstner Hessel Miedema (1929-2019) ferstoarn. Miedema hat in bysûnder plak yn de Fryske literatuer, mei't er in lyts oeuvre skreaun hat, mar dochs fan betsjutting west hat. Net te min om't er bewust ôfskie nommen hie fan it Fryske skriuwen.

Lês mear...

Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 12 maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.

Lês mear...

Sneon 6 april belibbe de KFFB de Fryske boekeklub in hichtepunt yn syn 85-jierrich bestean: doe waard nammentlik de fiifhûndertste útjefte presintearre: Foar dy 20 bibelferhalen.
Dy presintaasje wie yn de IJsherberg yn Dokkum. Jong en âld kaam dêrop ôf. Fansels ek om't gûchelder Minze Dijksma mei in optreden dit feest ekstra opfleure. Mar earst wie der in wolkomstwurd fan de foarsitter fan de KFFB Johannes Bakker. Dêrnei fertelde skriuwer/skathâlder Mynke Hoekstra it ien en oar oer it ta stân kommen fan dit projekt.

Lês mear...

Op snein 7 april hat Janneke Spoelstra yn it doarpshûs fan Hijum twa nije boeken presintearre: de roman De parallaks en de dichtbondel Wij yn 'e draaimûne.

Janneke is hikke en tein yn Hijum en gie nei de Arjen Roelofsskoalle, dat no it doarpshûs is. De seal siet moai fol. Nei de iepening troch Janneke joech Ernst Bruinsma (útjouwer) in ynlieding op beide boeken. Dêrnei wiene der optredens fan de skriuwers Syds Wiersma (syn pake wie timmerman yn Hijum), Sytse Jansma (syn pake wie wethâlder fan Ljouwerteradiel) en Baukje Zijlstra. It earste eksimplaar fan de dichtbondel wie foar âld-skoalmaster Sieb Lemstra en de roman waard oanbean oan Gerda Tolk. Sy is it boechbyld fan rôs Fryslân en fertelde dy middeis oer har jierren yn Ljouwerteradiel, en lies it ferhaal ‘In leafde sûnder ein’ fan Sipke de Schiffart foar. Der wie ek muzyk fan Herman Peenstra.  

Lês mear...

Op 28 maart is yn Tresoar de twatalige blomlêzing Mijn harp is voor jou mei fersen fan Piter Jelles Troelstra (1860-1930) presintearre. Abe de Vries hat de blomlêzing gearstald, de gedichten oerset en in ynlieding skreaun by it wurk fan Troelstra. Earder wiene wol guon gedichten fan Troelstra oerset nei it Nederlânsk, mar no is der ek in blomlêzing foar hannen. 

Lês mear...

Ut hast 70 ynstjoeringen keas de sjuery de oersetting fan Marko van der Wal as bêste Nederlânsktalige oersetting fan it gedicht ‘De redens fan it wurd’, skreaun troch de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga.

Neffens de sjuery is it foar in goede literêre oersetting fan belang dat it orizjinele gedicht mei respekt en begryp fan ynhâld en foarm behannele wurdt. Op syn minst fjouwer ynstjoerders hawwe dat, neffens de sjuery, op ferskate wizen, poerbêst dien. Uteinlik besleat de sjuery dat ien fan dy fjouwer minsken in hast perfekte oersetting skreaun hat, nammentlik Marko van der Wal.

Lês mear...

Skriuwster en oersetster Jetske Bilker hat foar dit jier it ‘Boekenweekgeschenk’, skreaun troch Jan Siebelink oerset yn it Frysk. Ferline jier hat sy it boekewikegeskink fan Griet op de Beeck ‘Gezien de feiten’ oerset as ‘Mei it each op de feiten’. Dit jier hat sy de opdracht krige om ‘Jas van belofte’ yn it Frysk oer te setten. It boek is in oade oan in freonskip, oan in heit en oan it skriuwen.

Dy’t yn ‘e boekhannel foar € 12,50 oan boeken keapet, kin kieze foar de Nederlânske of de Fryske ferzje. Op snein 31 maart is it frij reizgjen op it Boekewikegeskink 2019.

Op sneon 30 maart komme Jan Siebelink, oersetster Jetske Bilker, Dichter des VaderlandsTsead Bruinja en Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga yn dûnsskoalle Saco Velt, Sacramentstrjitte 19 yn Ljouwert byinoar op in literêre jûn, presintearre troch Asing Walthaus. De jûn begjint om 20.00 oere.

Foar de sjuery fan de 13e edysje fan de Simke Kloostermanpriis is de earste kûgel troch de tsjerke. 
De sjueryleden Geart Tigchelaar, Sytske Eringa en Gerbrich van der Meer hawwe alle Frysktalige jeugd/berneboeken út de trije foargeande jierren lêzen en beoardiele. Ut dy list mei hast fyftich titels hawwe hja 5 boeken nominearre.

Lês mear...