Tialda Hoogeveen is fan takom jier ôf Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, sa is 30 septimber by de presintaasje fan de Fryske oersetting fan it Berneboekewikegeskink bekendmakke. Fan jannewaris 2023 ôf sil Hoogeveen twa jier lang de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht jaan. Dêrmei folget se de earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân Lida Dykstra op.

Lês mear...

Op it kongres 'Frisian Humanities' wiene der lêzings wijd oan 200 jier De lapekoer. Eric Hoekstra fan de Fryske Akademy hold doe in lêzing oer de tematyk dêr't ek syn stik yn 'Utljochte' oer giet. 

Joast Halbertsma wie dûmny by de menisten (‘doopsgezinden’), in protestantske tsjerkerjochting stifte troch de Fries Menno Simons. Yn it wurk fan Halbertsma fernimt men lykwols amper wat fan syn leauwe. Hoe kin dat?

Lês it stik 'Leauwe yn 'e 19e iuw: tusken frijsinnichheid en rjochtsinnichheid' yn de rubryk 'Utljochte'.

Yn oanrin nei de Trinus Riemersmadei op 22 oktober iepenet der op freed 30 septimber in unike tentoanstelling oer it libben en wurk fan Riemersma yn de Frjentsjerter Biblioteek. Tresoar bewarret it argyf fan Riemersma en wurke mei oan it gearstallen fan de tentoanstelling. Under lieding fan Doeke Sijens, biograaf fan Riemersma, giene de konservatoaren Jelle Krol en Meindert Reitsma fan Tresoar oan de slach. Njonken bysûndere stikken út de kolleksje fan Tresoar, binne der ek objekten út partikulier besit te sjen.

Lês mear...

Yn 1822 ferskynde it boekje De lapekoer fan Gabe Skroar. Earst wie net dúdlik wa’t it skreaun hie, mar al rillegau die bliken dat it fan de hân fan de bruorren Halbertsma’s kaam. De lapekoer waard populêr, dus der ferskynden noch mear útjeften en it waard letter ûnderdiel fan it ferneamde sammelwurk Rimen en teltsjes. Twahûndert jier nei it ferskinen wurdt op it wittenskiplik kongres ‘Frisian Humanities’ yn septimber omtinken jûn oan de teksten en de skriuwers en wurdt der op sirkwy.frl in dossier oanlein. Fan ’t hjerst ferskine der ferskate stikken oer it tema, ûnder oare troch de sprekkers op it kongres. Sjoch foar it dossier by de kategory Utljochte.

De earste Diet Huberpriis, ornearre foar it moaist yllustrearre berne- of jongereinboek, giet nei By Beppe Utfanhûs, skreaun en yllustrearre troch Mirjam van Houten (Beetstersweach, 1977). De sjuery, dy’t bestiet út Susan van den Berg, Margaretha Cats en Dolf Verroen, krige tweintich boeken foarlein, dêr’t nei earste skifting fiif fan oerbleaune. Boeken mei in grut ferskaat, dy’t de yntinsjes en de belutsenens fan de yllustrator dúdlik útkomme litte, mar ien kippet der safier út dat de sjuery ienriedich foar By Beppe Utfanhûs keas: "De yllustraasjes binne net allinne moai fan foarm en kleur mar litte mear sjen as de tekst jout. Se fertelle in eigen ferhaal. It boek is krekt sa’t Diet Huber it sels ek ha woe: ûnferfangber en autentyk."

Lês mear...

Update: dizze kursus sit fol.

Woest altyd al ris in berneferhaal skriuwe? Of miskien in berneboek?
Liket it dy moai om dyn fantasije oan it wurk te setten?
Mar hoe dochst dat? Hoe fier rikt dyn ferbylding?
Hoe witst oft it geskikt is foar bern?
Hoe skriuwst spannend of grappich of libbensecht?
Wat wurket foar dy en wat perfoarst net?

Sit hjir in fraach (of mear) fan dy by? Dan fersoarget berneboekeskriuwster Hanneke de Jong (webside: www.hannekedejong.frl) in geskikte basiskursus foar dy.

Lês mear...

Fjouwer ferhalen en fjouwer gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘De Dûns’ fan Wilco Berga (Harns), ‘De sjongende ridder’ fan Sjoerd Bottema (Weidum), ‘Skaakles’ fan Sipke de Schiffart (Ljouwert) en ‘Scapa Flow’ fan Geert Nauta (Wergea). De winnende gedichten binne ‘Wy bin’ klaai’ fan Edwin de Groot (Aldehaske), ‘Vox Celeste’ fan Fedde Dijkstra (Ljouwert), ‘Biografy’ fan Elmar Kuiper (Jorwert) en ‘In Winter’ fan Minne Velstra (Ljouwert). Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 68ste kear útskreaun waard, wiene 74 ynstjoeringen ynkommen, te witten 42 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Rianne Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra.
De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 1 oktober útrikt yn it stedhûs fan Ljouwert.

Foto: Hedzer Klarenbeek
(Edwin de Groot ûntbrekt fanwege sykte)
Boarne tekst: Stifting FLMD.

Dizze maitiid soe de Simke Kloostermanpriis útrikt wurde oan I.E. Bloem foar It neidiel fan 'e twivel, mar dat gie troch omstannichheden net troch. Dy priis is foar oarspronklik Frysktalige berne- en jeugdboeken. Ien dy't in soad foar de Fryske berneliteratuer betsjutten hat, is Diet Huber (1924-2008). Dêr komt by dat dit jier ek foar it earst de Diet Huberpriis takend wurdt, oan de makker fan de bêste yllustraasjes fan in yn boekfoarm ferskynd Frysk berneboek. Dêrom is in nij dossier oer Diet Huber oanlein. Sigrid Kingma, op dit stuit Dichter fan Fryslân, is de ôfrûne tiid yn gien op it wurk fan Huber. It twadde en lêste part is no te lêzen: Poëzij dêr't elk op siet te wachtsjen.

Lês mear...

Tresoar bestiet 20 jier! Yn septimber 2002 is Tresoar ûntstien troch in fúzje fan de Provinsjale Biblioteek, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en it Ryksargyf. Anno 2022 is de Fryske literatuer noch altyd ien fan de wichtichste spearpunten fan Tresoar. Dêrom ynvestearje wy dit jier yn in nije webside foar Fryske literatuer, yntegrearre yn de webside fan Tresoar. Under de projektnamme Nij Sirkwy is in projektgroep fan Tresoar úteinset mei de fernijing fan Sirkwy.frl.

Lês mear...

De Rink van der Veldepriis 2022 is takend oan Leo Popma foar de roman It sket fan Toussaint, yn 2020 ferskynd bij útjouwerij Frysk en Frij. De sjuery, besteande út Marijke de Boer, Gerrit Breteler en Ale S. van Zandbergen, hat dy kar makke út de 18 boeken dy’t yn 2020 en 2021 útkamen. De priis, grut € 2000, is sneon 18 juny yn it Polderhûs op De Feanhoop útrikt. Njonken it jild en de oarkonde krige de winner ek it byldsje fan Anne en Roelie Woudwijk, dat tradisjoneel oan dizze yn 2004 op inisjatyf fan de gemeente Smellingerlân ynstelde priis ferbûn is. De eardere Friese Pers Boekerij stelde oarspronklik it prizejild beskikber. No docht de Stifting FLMD dat.

Op 20 maaie soe de Simke Kloostermanpriis útrikt wurde oan I.E. Bloem foar It neidiel fan 'e twivel, mar dat gie troch omstannichheden net troch. Dy priis is foar oarspronklik Frysktalige berne- en jeugdboeken. Ien dy't in soad foar de Fryske berneliteratuer betsjutten hat, is Diet Huber (1924-2008). Dêr komt by dat dit jier ek foar it earst de Diet Huberpriis takend wurdt, oan de makker fan de bêste yllustraasjes fan in yn boekfoarm ferskynd Frysk berneboek. Dêrom is in nij dossier oer Diet Huber út ein set. Sigrid Kingma, op dit stuit Dichter fan Fryslân, giet de kommende tiid yn op it wurk fan Huber. It earste stik stiet no online: Poëzij dêr't elk op siet te wachtsjen.

Lês mear...

De Academie van Franeker organisearret op 22 oktober 2022 in spesjale dei, wijd oan de Fryske skriuwer Trinus Riemersma. Riemersma wenne en skreau it grutste part fan syn libben yn de âlde Akademystêd, oant syn dea, no rom alve jier lyn. Yn Teater De Koornbeurs binne fan moarns oant jûns tal fan aktiviteiten om it libben en it wurk fan Trinus Riemersma hinne. Meiwurking wurdt jûn troch de Frjentsjerter Biblioteek, Museum Martena, NHL Stenden en Tresoar.

Lês mear...

Op 19 maaie is Corry Boelens ferstoarn. Boelens wurke lange tiid yn de soarch, mar sei dat wurk op doe't se fyftich waard. Se hie doe omtrint it lêste ûnderdiel fan har stúdzje Frysk helle, it didaktysk foech, en sa waard se lesjouwer by de Afûk. En se begûn mei skriuwen, neffens wat se har altyd al foarnommen hie. Se fersoarge fierder gauris ynliedings oer Fedde Schurer en makke diel út fan de skriuwersploech HYSP. Foar it Frysk Deiblêd skreau sy in tal boekresinsjes.Ek fersoarge se in skoftlang de lede-administraasje fan de KFFB, dêr't se ek as skriuwer en skathâlder aktyf foar wie.

Lês mear...

Dit jier is it 200 jier ferlyn dat de earste printinge útkaam fan de De Lapekoer fan Gabe Skroar, de foarrinner fan Rimen en Teltsjes. Yn de Workshop Lapekoer wolle wy omtinken jaan oan dit literêre masterwurk troch der lêzingen oer te organisearjen yn relaasje ta de skriuwers (Eeltsje en Joast Halbertsma) en har tiid. Wy freegje lju om har te oppenearjen dy’t op ‘e workshop in lêzing hâlde wolle (likernôch: 20 minuten lêzing + 10 minuten diskusje). De workshop duorret 3 oeren en is ûnderdiel fan de Second Conference on Frisian Humanities (https://frisianhumanities.frl/), dy’t holden wurde sil fan tiisdei 13 septimber oant en mei freed 16 septimber.
Wa’t ynteresse hat, kin in mailtsje stjoere oan: Meindert Reitsma, Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen., of Eric Hoekstra, Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen..

Op 20 maaie wurdt de Simke Kloostermanpriis útrikt oan I.E. Bloem foar It neidiel fan 'e twivel. Dy priis is foar oarspronklik Frysktalige berne- en jeugdboeken. Ien dy't in soad foar de Fryske berneliteratuer betsjutten hat, is Diet Huber (1924-2008). Dêr komt by dat dit jier ek foar it earst de Diet Huberpriis takend wurdt, oan de makker fan de bêste yllustraasjes fan in yn boekfoarm ferskynd Frysk berneboek. Dêrom set no in nij dossier oer Diet Huber út ein. Sigrid Kingma, op dit stuit Dichter fan Fryslân, giet de kommende tiid yn op it wurk fan Huber.

Lês mear...

Paul van Dijk fan Warkum hat de D. A. Tammingapriis wûn foar syn bondel Famke fan snie. De D .A. Tammingapriis, yn 2014 ynsteld troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en 3000 euro grut, is in mearjierlikse priis, ornearre foar it bêste literêr debút. Hy wurdt om bar takend foar proaza en poëzy. De sjuery, besteande út Teake Oppewal, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar, keas Famke fan snie út de tolve poëzydebuten dy’t tusken 2017 en desimber 2021 ferskynd binne.

Lês mear...

Akke Radsma soe op 25 maart dit jier hûndert jier wurden wêze, dus in moaie oanlieding om mear te fertellen oer har libben en wurk as foardrachtskeunstner yn in nij dossier op Sirkwy. Se waard foar it earst frege foar in rol yn in toanielstik yn Stiens doe’t se santjin wie en dêrnei hat se altyd toanielspile. Sy is ûnder mear ferneamd wurden troch it kabaretselskip De Spinnekop, dat oprjochte wie troch Roel Oostra. Radsma fersoarge ek de populêre rubryk ‘Oer de hage’ foar de RONO (Regionale Omroep Noord en Oost) en wurke in soad gear mei tekstskriuwer Paulus Akkerman.

Foar it dossier hat âld-literatuer- en kultuersjoernalist Pieter de Groot him ferdjippe yn it argyf dat by Tresoar bewarre wurdt en oer it libben en wurk fan Radsma skreaun. De ôfrûne wiken is it stik fan De Groot yn parten op Sirkwy kaam. Hjoed it tredde en lêste part: Akke Radsma hûndert jier ferlyn berne - 3.

Foto fan Akke Radsma: argyf Ljouwerter Krante. Scan: John van Geffen, Tresoar.

Yn gearwurking mei Tresoar, de Europese Literatuurprijs, it Nederlands Letterenfonds, Boekhannel Van der Velde en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearret produksjehûs Explore the North op freed 29 april de jûn Vertalersgeluk. Fjouwer oersetters, Yolanda Bloemen, Seijo Epema, Adiëlle Westercappel en Martsje de Jong, fertelle dy jûn oer har bysûnder fakgebiet. De Fryske skriuwster en einredakteur Tialda Hoogeveen liedt it petear en besiket alles út te finen oer de útdagings fan de Russyske, Ingelske, Nederlânske en Fryske taal.

Lês mear...

Akke Radsma soe op 25 maart dit jier hûndert jier wurden wêze, dus in moaie oanlieding om mear te fertellen oer har libben en wurk as foardrachtskeunstner yn in nij dossier op Sirkwy. Se waard foar it earst frege foar in rol yn in toanielstik yn Stiens doe’t se santjin wie en dêrnei hat se altyd toanielspile. Sy is ûnder mear ferneamd wurden troch it kabaretselskip De Spinnekop, dat oprjochte wie troch Roel Oostra. Radsma fersoarge ek de populêre rubryk ‘Oer de hage’ foar de RONO (Regionale Omroep Noord en Oost) en wurke in soad gear mei tekstskriuwer Paulus Akkerman.

Foar it dossier hat âld-literatuer- en kultuersjoernalist Pieter de Groot him ferdjippe yn it argyf dat by Tresoar bewarre wurdt en oer it libben en wurk fan Radsma skreaun. De kommende wiken komt it stik fan De Groot yn parten op Sirkwy. Hjoed it twadde part: Akke Radsma hûndert jier ferlyn berne - 2.

Foto: yn de fyftiger jierren skreau Roel Oostra revu's dy't opfierd waarden yn Drachten, Akke Radsma spile mei. Foto: argyf Annet van der Hoek.