Akke Radsma soe op 25 maart dit jier hûndert jier wurden wêze, dus in moaie oanlieding om mear te fertellen oer har libben en wurk as foardrachtskeunstner yn in nij dossier op Sirkwy. Se waard foar it earst frege foar in rol yn in toanielstik yn Stiens doe’t se santjin wie en dêrnei hat se altyd toanielspile. Sy is ûnder mear ferneamd wurden troch it kabaretselskip De Spinnekop, dat oprjochte wie troch Roel Oostra. Radsma fersoarge ek de populêre rubryk ‘Oer de hage’ foar de RONO (Regionale Omroep Noord en Oost) en wurke in soad gear mei tekstskriuwer Paulus Akkerman.
De Fryske skriuwster Alpita de Jong krijt de dr. Joost Halbertsmapriis foar har wurk: Joost Halbertsma 1789 -1869; In biografy. Alpita de Jong waard keazen út fiif nominearren. Yn totaal waarden 200 wurken yntsjinne foar dizze priis. It wurk fan Alpita de Jong is de earste echte biografy fan de man, dy't ien fan de wichtichste Friezen út de skiednis neamd wurde mei. "De Jong zet de naamgever van onze prijs op een veelkleurige en diepgravende manier neer", sa seit de sjuery.
Sjueryleden fan de Simke Kloostermanpriis 2022, Arjan Hut, Martsje de Jong en Jant van der Weg, hawwe 40 Fryske berne- en jongereinboeken trochnommen dy’t skreaun binne yn de jierren 2019-2020-2021. Unôfhinklik fan elkoar kamen sy ta fierhinne deselde list mei favoriten. Sadwaande hat de sjuery yn grutte ienriedigens fiif boeken nominearre foar de priis.
Al jierrenlang docht FeRstival, De Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis, in berop op Fryske dichters. Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? Graach stelt Cedin, de organisator fan FeRstival, foar de edysje fan 2022 wer in FeRsefariaasje-bondel gear mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde. Dit jier is it ek mooglik om mei te dwaan oan in spesjale skriuwgroep.
Op 6 febrewaris is Heabeltsje Heeringa-Seepma ferstoarn. Se begûn mei it skriuwen fan gedichten en gelegenheidswurk, foar bygelyks brulloften. It folgjen fan in kursus ferhalen skriuwen en Fryske les stimulearre har om fersen en ferhalen yn te stjoeren nei streekblêden yn de buert en nei de bernerubryk yn it Friesch Dagblad. Se debutearre nei har fjirtichste yn boekfoarm mei it berneboek Sa’n koartkop (1960).
LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 68ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. De ynstjoertermyn slút 15 maaie o.s. De sjuery bestiet út Rianne Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra..
Wa’t in Frysktalich boek of toanielstik skriuwe wol of oan in Fryske oersetting wurkje sil, kin fan 19 jannewaris ôf wer terjochte by de subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân. De regeling ferlient ek stipe oan organisatoaren fan sporteveneminten. Ek promoasje yn it bûtenlân en oersettingen nei in Fryske streektaal kinne rekkenje op subsydzje.
Skriuw dyn earste ienakter! Ofwol in pocketferzje fan in ôfrûne stik. Nei it súkses fan ferline jier wurdt dizze kursus op ’e nij oanbean.
Op 11 novimber 2021 is skriuwer Meindert Bylsma tachtich jier wurden. Om dat feit te fieren hat Tresoar Arjan Hut frege om in skôging te skriuwen oer it dichtwurk fan Bylsma. De ôfrûne wiken is dy skôging pleatst yn dit dossier op Sirkwy. Hjoed wurdt it dossier ôfsletten mei audiofragminten út it Frysk Film en Audio Argyf.
Skriuwe yn it Frysk: de ien publisearret al jierren, de oar siket noch om de goeie wurden. Beiden binne wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op 8 maart 2022 set in nije searje lessen útein, op 9 febrewaris 2022 is der in yntroduksjeles.
Op 6 novimber is de Gysbert Japicxpriis 2021 útrikt oan Eeltsje Hettinga foar syn gedichten as 'Dichter fan Fryslân' yn de perioade 2017-2019. Deputearre Sietske Poepjes oerlange de oarkonde oan de winner yn kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert. Foarsitter fan de advyskommisje Jannes van der Velde lies út namme fan syn kollega-adviseurs Hein Jaap Hilarides en Nynke Heeg it ferslach foar.
Dat ferslach is hjir te lêzen (as pdf).
Hjoed, op 11 novimber 2021, wurdt skriuwer Meindert Bylsma 80 jier. Om dat feit te fieren begjint Tresoar op dizze dei mei in nij dossier op Sirkwy oer de skriuwer. Arjan Hut hat de poëzy fan Bylsma (wer) lêzen en hat dêr in skôging oer skreaun. Dy skôging wurdt yn trije stikken publisearre op Sirkwy. Dêrneist wurdt in ferskaat oan byldmateriaal fertoand.
Skriuwster Marga Claus jout geregeld in kursus oer it skriuwen fan in libbensferhaal. Op 12 jannewaris 2022 set sy útein mei in nij blok. Dy kursus wurdt net troch Tresoar organisearre, mar is wol yn it gebou fan Tresoar. Sjoch foar mear ynformaasje: www.margaclaus.nl.
It is in moaie en sinfolle bezichheid om yn in lytse groep minsken dwaande te wêzen mei it eigen libbensferhaal. Mei bepaalde oefeningen aktivearje wy oantinkens út de jonge jierren. It blykt dat skriuwe yn in groep in soad opsmyt. De kursisten bringe elkoar op ideeën, en sadwaande slagget it hieltyd better om hichte- of djiptepunten út it ferline op papier te krijen. Dat is moai foar it neigeslacht, mar seker ek foar de haadpersoan fan it ferhaal. De skriuwsels liede wer ta weardefolle petearen.
De Gysbert Japixcpriis 2021 is takend oan Eeltsje Hettinga. Yn oanrin nei de útrikking op 6 novimber fan de belangrykste Fryske literêre priis sjogge we yn dit dossier nei ferskate aspekten fan de priis en de priiswinners fansels. Dizze wike komme de fiif lêste winners oan bod.
Yn 2011 wûn Durk van de Ploeg de Gysbert Japicxpriis.
Yn 2013 wûn Jacobus Q. Smink de Gysbert Japicxpriis.
Yn 2015 wûn Koos Tiemersma de Gysbert Japicxpriis.
Yn 2017 wûn Eppie Dam de Gysbert Japicxpriis.
Yn 2019 wûn Aggie van der Meer de Gysbert Japicxpriis.
De Gysbert Japicxpriis 2021 is takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy't er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’ 2017-2019. Neffens de advyskommisje kinne dy gedichten rekkene wurde ta it bêste dat de Fryske poëzy de ôfrûne jierren opsmiten hat. Op 6 novimber krijt er de priis yn Boalsert útrikt. Om dat te fieren wurdt de dagen foarôfgeand oan dy útrikking troch Tresoar en oare organisaasjes de Gysbert Japicxpriis wike holden.
Op Rôze Sneon (16 oktober) is de blomlêzing 'Do draachst de leafde oan' by Tresoar presintearre. De twatalige bondel mei tal fan poëzy- en proazafragminten mei LHBTY+-tematyk waard oanbean oan Rainbow warrior Sipke Jan Bousema, dy't him bot ynset foar Fryslân as reinbôgeprovinsje. Jelle Krol hâlde by de oanbieding in ferhaal. Hy foarme mei Janneke Spoelstra, Doeke Sijens, Jantsje Post en Tsjerk Veenstra de redaksje fan de bondel.
Skriuwer Ferdinand de Jong (Oranjewâld, 1969) skriuwt it Frysk Kadoboek 2022. Yn 2010 ferskynde fan him syn earste roman Guozzeflecht. Twa jier letter krige hy de Rink van der Veldepriis foar syn roman It dak fan ’e wrâld. Syn lêste roman De tredde perioade (2018) is ek yn it Nederlânsk ferskynd.
Produksjehûs Explore the North, Tresoar, Boekhandel Van der Velde organisearje op tiisdei 19 oktober 20.00 oere yn gearwurking mei de Europese Literatuurprijs en it Nederlands Letterenfonds de jûn Vertalersgeluk. Trije oersetters, Jan Popkema, Annemarie Vlaming en Lette Vos, fertelle dy jûn oer har fakgebiet en de útdagings dy’t sy yn har wurk tsjinkomme. Vlaming is winner fan de Europese Literatuurprijs fan dit jier en Popkema krige de dr. Obe Postmapriis 2020. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan kultureel-antropologe en skriuwster Anne-Goaitske Breteler.
De Gysbert Japixcpriis 2021 is takend oan Eeltsje Hettinga. Yn oanrin nei de útrikking op 6 novimber fan de belangrykste Fryske literêre priis sjogge we yn dit dossier nei ferskate aspekten fan de priis en de priiswinners fansels.
Lês yn diel 1 wa't Gysbert Japicx wie.
Lês yn diel 2 wat de Gysbert Japicxpriis is.
Lês yn diel 3 mear oer de Gysbert Japicxpriis en froulike winners
Lês yn diel 4 mear nuveraardichheden oer Gysbert Japicxpriis
De Gysbert Japicxpriis wurdt dit jier takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’. De priis wurdt op 6 novimber útrikt, as ôfsluter fan in wike mei literêre aktiviteiten.
Wa’t (mear) yn it Frysk skriuwe wol, is wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in nije gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op tiisdeitejûn 12 oktober is der in yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdeitejûn 3 novimber sette dêr de lessen útein.
Saterdei 27 novimber, De Koperen Tuin te Ljouwert, 14.30 - 17.00 oere.
De Fedde Schurerlêzing is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en wurdt jierliks organisearre op in saterdeimiddei yn novimber. De lêzing is yn gearwurking mei Tresoar, It HCL en de Leeuwarder Courant. Fan takommend jier ôf ek yn gearwurking mei de Fryske Akademy.
Sirkwy.nl is in webside fan Tresoar, Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum.
Bûterhoeke 1,
8911 DH Ljouwert
Postadres:
Postbus 2637,
8901 AC Ljouwert
tel. 058 - 789 0 789
faks. 058 - 789 0 777
email: sirkwy@sirkwy.frl
webside: www.tresoar.frl