LJOUWERT - De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2021 is iepensteld. It is de 67ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal kinne fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. Oant en mei snein 9 maaie o.s. kin ynstjoerd wurde. De sjuery foar 2021 bestiet út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven.

Lês mear...

Op 27 jannewaris is dichter en skriuwer Jan J. Bylsma ferstoarn. Hy groeide op yn Ljouwert en helle nei it gymnasium oan de Rykskweekskoalle de ûnderwizersakte. Neidat er in tal jierren as ûnderwizer foar de klas stien hie, en yn de tuskentiid Nederlânsk en Frânsk studearre, waard er learaar Nederlânsk oan de Ryksskoallemienskip op It Hearrenfean. Dêr bleau er oant syn pinsjoen ta. Bylsma hat lange jierren aktyf west yn de Frysk literêre wrâld.

Lês mear...

Alle jierren stiet yn de lêste wike fan jannewaris poëzy sintraal yn Nederlân, want dan is it de poëzywike. De lêste tongersdei fan de moanne is Gedichtedei. It tema fan de poëzywike 2021 is 'Samen'. Der wurde ferskate aktiviteiten organisearre, ek yn Fryslân en mei Fryske dichters. Fansels giet alles online.

Lês mear...

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels foar de online Dei fan de Fryske letterkunde hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed de lêste kear: De koma-korrektor (2018) fan Baukje Zijlstra. Lês it hjirre.

Lês mear...

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels foar de online Dei fan de Fryske letterkunde hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: Op klompen troch de dessa (2014) fan Hylke Speerstra. Lês it hjirre.

Lês mear...

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels foar de online Dei fan de Fryske letterkunde hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: As gong dêr in oar (2013) fan Leo Popma.

Lês mear...

De rige artikels fan Jan Ybema wurdt ûnderbrutsen troch in oare bydrage yn it dossier. Janette Bosma, research masterstudint Nederlânske literatuer en kultuer út Utrecht, rûn fan augustus oant en mei novimber staazje by Tresoar. In part fan har ûndersyk presintearret se yn in lêzing.

Lês mear...

Ein jannewaris 2021 begjint der in online lêsgroep oer boeken fan Trinus Riemersma. Riemersma (1938-2011) is ien fan de wichtichste Fryske skriuwers fan nei 1945. Hy debutearre yn 1964 mei de roman Fabryk, dy’t foar grutte beroering yn de Frysk literêre wrâld soarge en tsjinstelde reaksjes opsmiet. Hy krige yn 1967 foar Fabryk de heechste literêre ûnderskieding yn Fryslân, de Gysbert Japicxpriis.

Lês mear...

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: De muorre (2001) fan Anders M. Rozendal.

Lês mear...

Op 18 novimber is dichter Klaas Feenstra ferstoarn. Hy waard berne yn Nijlân (gemeente Wymbritseradiel). Hy hat de Mulo A en B folge en hat letter de fakdiploma’s foar de gemeente-administraasje helle en wurksum west as gemeente-amtner. As dichter hat Klaas Feenstra benammen nei syn pensjoen fan him hearre litten.

Lês mear...

Hjoed in spesjale bydrage yn it dossier oer Befrijing yn de Fryske literatuer. It Frysk Film Argyf hat in kompilaasje oan bylden makke oer de Nederlânske oanwêzichheid yn wat doe Nederlânsk-Ynje wie en no Yndonesië is. Jan Ybema hat op dit stuit in rige artikels oer boeken dêr't Yndonesië in rol yn spilet. Mei dit filmmateriaal besjogge wy it ûnderwerp fan in oare hoeke.

Lês mear...

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: Hwat west hat (1965) fan Riemer Riemersma.

Lês mear...

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: It lekken oer de spegel (1995) fan Durk van der Ploeg.

Lês mear...

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: Peke Donia (1943) fan Nyckle Haisma.

Lês mear...

De Dei fan de Fryske Letterkunde giet dit jier oars as oars, nammentlik digitaal. Yn de moannen novimber en desimber kinst fia de webside fan Sirkwy ferskate lêzingen en webinars folgje. De earste lêzing wurdt op 6 novimber online set. Der sille ûnder oaren lêzingen jûn wurde troch Jan Ybema, oer Fryske boeken dêr’t Nederlânsk-Ynje en de befrijing fan Nederlânsk-Ynje in rol yn spylje, en troch Elske Schotanus, oer de nije útjefte fan Efter it tried dêr’t Reimer van Tuinen ferhalen yn fertelt oer syn tiid yn konsintraasjekamp Amersfoort.

Lês mear...

Op 1 novimber is skriuwer Josse de Haan yn Bayonne (Frankryk) ferstoarn. Hy groeide op yn Peins, in doarp noardeast fan Frjentsjer. De Haan folge de ûnderwizersoplieding oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Hy publisearre fan 1962 ôf yn Quatrebras en letter yn Trotwaer en Hjir. Hy joech mei Meindert Bylsma, Reinder Rienk van der Leest en oaren it bondeltsje Broadtsje heal-om / Broodje half-om (1968) út, mar syn debútbondel Spegelbyld ferskynde earst yn 1971.

Lês mear...

Op 31 oktober is dichter Jaap Veenstra ferstoarn. Hy debutearre yn 1986 mei de bondel De nacht midstwa en publisearre yn 2016 de twatalige bondel Gatten yn it tek / Gaten in het dak. Hy wie as dosint ferbûn oan Stenden Hogeschool.

Lês mear...

De dr. Obe Postmapriis 2020 is takend oan Jan Popkema foar syn Frysktalige oersetting fan Das Parfum fan de Dútske auteur Patrick Süskind. De priis wurdt op 19 novimber útrikt yn gearwurking mei it festival Explore the North. De útrikking sil plakfine ûnder de dan jildende koroanamaatregels.

Lês mear...

Op 30 septimber is skriuwer en ferhaleferteller Mindert Wijnstra ferstoarn. In priisfraach fan de provinsje begjin jierren santich, wie foar him in oantrún om te skriuwen. Hy skreau in absurdistyske ienakter mei de titel 'Se wist net dat de wolf in ûndierwie' en krige dêr in earfolle fermelding foar. Syn debút yn boekfoarm wie yn 1982 mei it berneboek Kninekeutels yn it oerwâld.

Lês mear...