Arjan Hut, ynwenner fan Ljouwert en âld-ynwenner fan Surhústerfean, is lêstendeis beneamd ta ‘wâlddichter’ fan Achtkarspelen. Hut is foar twa jier oansteld en sil op syn minst fiif kear yn it jier in gedicht skriuwe. Dy sil er dan by spesjale gelegenheden yn Achtkarspelen foardrage. As Wâlddichter folget er muzikant Meindert Talma op, dy’t it dichterskip de ôfrûne twa jier fersoarge hat.

In moanne foardat de provinsjale ferkiezings plakfine grypt It Skriuwersboun de kâns oan om in jûn te organisearjen mei fiif listlûkers om sa mei-inoar yn petear te kommen. Yn it kultuerbelied dat krektlyn ferskynde, is de literatuer behoarlik oan ’e krapperein kommen. Om dy reden wolle wy de politisy de skientme fan ’e literatuer meijaan en harren fergje om dat mei te nimmen yn harren beliedsplannen.

Ommers, wat is de Fryske taal sûnder in bloeiende literatuer?

Lês mear...