De Ljouwerter krante hat in oprop dien om minsken oan te poenen om titels fan Fryske boeken oan te melden mei in motivaasje wêrom as oaren krekt dàt boek lêze moatte soene.

Dit yn ferbân mei De Moanne fan it Fryske Boek dy’t sneon yn Neushoorn fan start gien is mei it Frysk Boekebal. Ljouwert wol ‘City of Literature’ wurde, as in soarte fan fuortsetting fan Kulturele Haadstêd. De UNESCO kent dy titel ta oan stêden dêr’t literatuer oant yn it ûnderwiis in wichtige rol yn spilet.

It is in kâns foar de Fryske literatuer! Wat riedst ien oan dy’t in Frysk boek lêze wol? De LC freget kenners om in boek nei foarren te skowen, dat in oanrieder is, mar lêzers kinne ek boeken foardrage, mei in motivaasje derby fia: This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it..

Skriuwer / histoarikus Jan Minno Rozendal is útnûge foar in ferbliuw yn it skriuwershûs Hugoenea yn Pasai Donibane, in doarpke tichtby San Sebastian, yn it noarden fan Spanje.

It hûs is eigendom fan de Feriening fan Skriuwers yn it Baskelân. It pân, ferneamd nei Victor Hugo dy’t yn itselde doarpke de simmer fan 1843 trochbrocht hat, is bedoeld foar skriuwers dy’t yn in minderheidstaal skriuwe, bygelyks it Baskysk, Bretonsk of Frysk.

Lês mear...

TWIZEL – Yn jierren binne der net safolle boeken yn de beneaming kommen foar de Simke Kloostermanpriis, de trijejierlikse berneboekepriis foar oarspronklik Frysk wurk. Mar leafst 40 boeken steane op de list, rom in tredde mear as de foargeande jierren. Hat de sjuery him by de ôfrûne priisútrikkingen wolris negatyf útsprutsen oer de stân fan saken omtrint de Fryske berneliteratuer, no stiet der foar moannen oan lêsfoer op de planke

Lês mear...