Ast wat witte wolst oer Fryske literatuer, boeken en skriuwers, dan bist by Tresoar op it goede plak. Dêrom hawwe wy Sirkwy – de webside fan Tresoar mei dokumintearre ynformaasje oer de Fryske literatuer – yntegrearre yn de webside fan Tresoar. Under it kopke ‘Fryske literatuer’ fynst alles watst witte wolst oer dit ûnderwerp. Fan boekprofilen en literêre prizen oant skriuwersbiografyen en wiidweidige dossiers. De kommende wiken sil de webside fan Sirkwy fierder ûntmantele wurde.

Lês mear...

LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 69ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal  fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000.
De ynstjoertermyn slút 15 maaie o.s. De sjuery  bestiet út Beart Oosterhaven, Oene Spoelstra en Marrit de Schiffart.

Lês mear...

Ferline jier binne wy úteinset mei de fernijing fan Sirkwy.frl. Mei in enkête koest meitinke oer it nije jaske fan Sirkwy. No is it dan safier: Sirkwy.frl wurdt yntegrearre yn de webside fan Tresoar! Dat betsjut dat de hjoeddeistige webside meikoarten ferdwine sil. Mar gjin soargen: alle ynformaasje - lykas de skriuwersbiografyen en boekprofilen - fynst aanst gewoan werom op Tresoar.nl. Fan begjin april ôf – de definitive datum meitsje wy noch bekend – fynst op de webside fan Tresoar alle ynformaasje op it mêd fan Fryske literatuer. De namme Sirkwy sil dêrmei ek ferdwine. Fia dizze webside, de webside fan Tresoar en ús sosjalmediakanalen hâlde wy dy op 'e hichte fan de ferhuzing! Foar fragen kinst telâne by Meindert Reitsma, adviseur Fryske literatuer fia Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen.. Wy hoopje dy aanst te sjen op Tresoar.nl!  

Foto: De ferhuzing fan argyfmateriaal fan it Rijksarchief/Ryksargyf yn Fryslân nei de Bûterhoeke yn Ljouwert (1976).

Op 5 maart is skriuwer en dichter Eppie Dam 70 jier wurden. Hy is in produktyf en alsidich skriuwer; hy skriuwt gedichten, ferhalen, berneboeken, kollums en literêre kritiken. Fierders hat er inkelde jierren redakteur west fan it literêr tydskrift Trotwaer. Yn tsjerklike rûnten hat er namme makke as skriuwer fan eigentiidske teksten fan lieten en liturgyen dy't passe yn de ferskillende perioaden fan it tsjerklik jier.

Abe de Vries hat spesjaal foar de santichste jierdei in stik skreaun oer Eppie Dam syn redakteurskip by Trotwaer.

Lês mear...

Yn 2022 is Piter Boersma 75 jier wurden. Foar dy gelegenheid hat Hein Jaap Hilarides it wurk fan Boersma lêzen en in fraachpetear mei him holden. De fraach is oft it wurk en libben fan Boersma gearfalle of net. Wat is bygelyks de ynfloed fan de bernetiid yn syn boeken? Yn it fraachpetear seit de skriuwer dat er op dit stuit dwaande is mei in boek oer Warten, it doarp dêr't er hikke en tein is. Autobiografysk miskien, mar de werklikheid wurdt yn dat boek goed oprutsen. Yn dit nije dossier skriuwt Hein Jaap Hilarides oer it libben en wurk fan Piter Boersma, mei as titel 'Paradoksen'.

Lês it stik yn trije parten:
- Paradoksen - 1
- Paradoksen - 2
- Paradoksen - 3 


Yn 2022 is Piter Boersma 75 jier wurden. Foar dy gelegenheid hat Hein Jaap Hilarides it wurk fan Boersma lêzen en in fraachpetear mei him holden. De fraach is oft it wurk en libben fan Boersma gearfalle of net. Wat is bygelyks de ynfloed fan de bernetiid yn syn boeken? Yn it fraachpetear seit de skriuwer dat er op dit stuit dwaande is mei in boek oer Warten, it doarp dêr't er hikke en tein is. Autobiografysk miskien, mar de werklikheid wurdt yn dat boek goed oprutsen. Yn dit nije dossier skriuwt Hein Jaap Hilarides oer it libben en wurk fan Piter Boersma, mei as titel 'Paradoksen'.

It earste part is no te lêzen op Sirkwy. It begjint sa:

Lês mear...

Perio nûget jo fan herten út om 1 maart oansteande om 19.45 oere, yn De Gouden Leeuw, it pop-upkafee fan Tresoar, de feestlike presintaasje by te wenjen fan de jongste Perio-boekútjefte, mei de titel OERSET.

Lês mear...

Sjoerd Bottema lêst it ferhaal Winterjûnenocht foar út de bondel De grize oer de grouwe. De wûnderbern Klaasje en Klaske, de liepe âlde skarreler Jappy Hummel en de duvelske Keimpe Jakkeles: wêr sil dat op útdraaie? In nostalgysk horrorferhaal út de jierren ’50 en ’60 fan de foarige iuw. Tuskentroch draait Bob de Boer muzyk út dy tiid.
Lês mear...

Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op 21 maart set it lesblok Skriuwtechniken wer útein. Op tiisdeitejûn 7 maart is der in yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert.

Lês mear...

Yn 2022 is Piter Boersma 75 jier wurden. Foar dy gelegenheid hat Hein Jaap Hilarides it wurk fan Boersma lêzen en in fraachpetear mei him holden. De fraach is oft it wurk en libben fan Boersma gearfalle of net. Wat is bygelyks de ynfloed fan de bernetiid yn syn boeken? Yn it fraachpetear seit de skriuwer dat er op dit stuit dwaande is mei in boek oer Warten, it doarp dêr't er hikke en tein is. Autobiografysk miskien, mar de werklikheid wurdt yn dat boek goed oprutsen. Yn dit nije dossier skriuwt Hein Jaap Hilarides oer it libben en wurk fan Piter Boersma, mei as titel 'Paradoksen'. Sjoch yn Utljochte foar it dossier. It wurdt meikoarten oanfolle.

Lêst fan keuzestress? Fan ûnbeantwurde begearte of wurkwalging? Fan social media-wurgens of in brutsen hert? Ljouwert City of Literature en De Culturele Apotheek biede help by dizze en oare deistige krupsjes!

Kom nei de lunchlêzing fan Mira Feticu op 16 maart nei it ynrinsprekoere foar in koart mar ynkringend konsult en diel dyn soargen. Dan ûntfangst fuortendaliks in persoanlik boekeresept op maat, ynklusyf de júste dosearing, it bêste tiidstip fan ynnimmen en eventuele bywurkingen. It sprekoere by Tresoar duorret fan 13:30 oant 16:00 oere en it boekeresept is fergees. Komst net nei de lunchlêzing mar wolst wol in persoanlik boekeresept? Ek dan bist wolkom op it sprekoere.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.leeuwardencityofliterature.nl/fy/agenda.

It sprekoere is yn literêr kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar.

Al jierrenlang docht FeRstival, De Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis, in berop op Fryske dichters. Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? Graach stelt Cedin, de organisator fan FeRstival, foar de edysje fan 2023 wer in FeRsefariaasje-bondel gear mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde. Dit jier is it ek mooglik om mei te dwaan oan in spesjale skriuwgroep.

Lês mear...

Testament van de ziel fan Hylke Speerstra is koartby ferskynd by útjouwerij Atlas Contact. It is Speerstra syn eigen oersetting fan syn boek Testamint fan de siel (Bornmeer, 2021) oer twa widners mei Fryske woartels dy’t inoar yn Kanada by in rodeo moetsje en inoar harren libbensferhalen fertelle. De oersetting fan it boek sil presintearre wurde op freed 10 febrewaris om 16.00 oere yn Tresoar.

Lês mear...

Op 12 jannewaris is skriuwer en oersetter Harke Bremer ferstoarn. Hy foarme al sûnt ein jierren santich in fêst span mei Jarich Hoekstra as it gie om it skriuwen en oersetten. Har grutte taalrykdom en kreatyf fermogen stelden har by steat om de praattaal fan strypferhalen as fan Asterix oer te bringen yn tige orizjineel Frysk, mar ek it eptige en aparte idioom fan Marten Toonder yn dy syn Bommelferhalen. Hja krigen yn 1996 de dr. Obe Postmapriis.

Lês mear...

Tresoar en it Frysk Film & Audio Argyf sette in grut part fan de audio-opnames fan Operaesje Fers wer online. It opnij beskikber stellen fan dizze ferneamde dichterskolleksje wurdt op de lanlike Gedichtedei (tongersdei 26 jannewaris) feestlik fierd yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. 
 
Meindert Bylsma, ien fan de trije dichters dy’t yn 1968 it inisjatyf namen ta Operaesje Fers, sil ynterviewd wurde en guon gedichten út dy tiid foardrage. Willem Abma is der ek en sil ynterviewd wurde. Fan him sitte der mear as hûndert gedichten yn de kolleksje fan Operaesje Fers. Fierders treedt in jonge garde dichters op, oansletten by de dichterskollektiven RIXT en Dichter Bij Leeuwarden. Ilse Vos, Marije de Lange en Preston Losack drage gedichten foar dy’t passe by de sfear dy’t de oprjochters fan Operaesje Fers foar eagen hiene: poëzy op fernijende wize ûnder de minsken bringe.
Lês mear...

Op 29 desimber is Baukje Wytsma hommels ferstoarn. Wytsma skreau ûnder oare fersen, berneboeken en lietteksten. Mei Tineke Steenmeijer wie hja ek de betinker fan de namme 'Tresoar' yn 2002.

Lês mear...

In telefoannûmer draaie en dan in gedicht hearre, wie jierren lang hiel populêr. Operaesje Fers waard ynternasjonaal nijs doe’t in groepke Fryske dichters der yn 1968 mei begûn. It wie de earste dichterstillefoan op ‘e wrâld. Tsjintwurdich ha wy Google en YouTube. Yn ús Kafee De Gouden Leeuw is it mooglik om in seleksje fan de gedichten dy’t oait te hearren wiene oer de telefoan, opnij te beharkjen.
 
Op tongersdei 26 jannewaris nimme wy de dichterstelefoan yn gebrûk! By de feestlike presintaasje fan de dichterstelefoan mei alle poëzy fan Operaesje Fers - op ‘e nij digitalisearre - sil Syds Wiersma fan it Frysk Film & Audio Argyf, dichters út it ferline freegje nei hoe’t dat yn dy tiid gie en bysûndere opnames hearre litte út it argyfmateriaal fan Operaesje Fers. Dichters fan de earste oere sille deroer fertelle en wa wit sille sy ek noch in gedicht fan doe foardrage.
Lês mear...

Frysk Dichterskollektyf RIXT en Tresoar organisearje yn de earste moannen fan 2023 in kursus oer it skriuwen fan poëzy. Krijst les fan ferskate dichters en nei njoggen jûnen hast de mooglikheid om dyn wurk hearre te litten op in ôfslutende dichtersjûn.

De kursuslieders binne Kate Schlingemann, Edwin de Groot, Dien L. de Boer, Geart Tigchelaar en Tryntsje van der Veer. Sa komt by Edwin de Groot it poëtyske aspekt fan ferbylding troch it gebrûk fan byldspraak (metafoar en ferliking) oan de oarder en giet it by Tryntsje van der Veer oer de foardracht fan fersen.

Der binne noch in pear plakken beskikber. De oanmelding stiet foar alle dichters oant 15 jannewaris 2023 iepen.

Lês mear...

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2023 beneamd. De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis dy't sûnt 1947 om it jier útrikt wurdt. It iene jier foar Frysktalige proaza, it oare jier foar Frysktalige poëzy. Yn 2023 wurdt de priis takend foar proaza dat yn de perioade 2019-2022 ferskynd is.

Lês mear...

Op freedtejûn 28 oktober wurdt mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2022 fan 29 oktober o/m 6 novimber. Op dizze feestlike jûn sil ek it Kadoboek presintearre wurde.

De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Bart Kingma en der is muzyk fan ‘Las Bandidas’. It Frysk Boekefeest wurdt dit jier holden yn sealesintrum ‘Hof van de Koning’ op it Hearrenfean. Om 19:30 gean de doarren iepen, it programma begjint om 20:00 oere. De tagong is fergees, elkenien is fan herte wolkom.

Lês mear...

Op fersyk fan Tresoar hat Elske Schotanus in portret makke fan Eeltsje Hettinga. Hettinga (1955) krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis 2021 foar poëzy. De Provinsje Fryslân kende Eeltsje Hettinga de heechste literêre ûnderskieding ta foar de hast tritich gedichten dy’t hy fan 2017 oant 2019 makke as Dichter fan Fryslân. De spesjale Dichter fan Fryslân-krante by de twa Fryske deiblêden brocht syn wurk yn 2019 nochris by in breed publyk ûnder de oandacht.

Lês mear...

Nije bydrage yn it dossier troch Anne Dykstra. Dykstra hat de teksten fan 'e Lapekoer út de Rimen en Teltsjes (1993) brûkt om frekwinsjelisten te meitsjen fan it wurk fan Joast en Eeltsje Halbertsma. Ferliking fan beide listen sil grif allerhanne nijsgjirrichs opsmite, mar hy beheint him ta wat yn algemiene sin oer de wurdskat fan Joast en Eeltsje sein wurde kin. In frekwinsjelist bestiet út types en tokens. By de types giet it om ferskillende wurden yn in tekstkorpus, by tokens giet it om it oantal foarkommens fan de types. Wannear’t we de ferskillende wurden (de types) ôfsette tsjin it totaal oantal wurden (de tokens) krije we de type-token ratio. Wat heger de ratio, wat mear ferskillende wurden oft in skriuwer yn in beskate tekst brûkt, dus wat grutter oft syn wurdskat is.

Benijd hoe't de wurdskat fan Joast en Eeltsje Halberstma is yn De Lapekoer? Lês it stik 'De Lapekoer yn sifers' yn de rubryk 'Utljochte'.

Op it kongres 'Frisian Humanities' wiene der lêzings wijd oan 200 jier De lapekoer. Hein Jaap Hilarides hold doe in lêzing oer de tematyk dêr't syn stik yn 'Utljochte' oer giet. Foto: Tekening fan Ids Wiersma by it fers 'De Boalserter merke'.

Nei de fal fan Napoleon feroare der yn Europa ek in soad op it mêd fan de taal- en letterkunde. Yn de earste helte fan de 19e iuw kaam de literatuer yn it ljocht te stean fan de ‘nije’ nasjonale identiteiten. Presys yn dy tiid skreaunen de bruorren Halbertsma harren earste wurk. Foar de Fryske literatuer wienen de âldste broer Joast en de jongste Eeltsje it wichtichst. Joast wie taalkundige, skriuwer en predikant, en Eeltsje dokter, dichter en skriuwer. Beide bruorren hienen studearre: Joast yn Amsterdam en Eeltsje yn Leien en in heal jier yn Heidelberg. De brede kennis dy’t se yn harren stúdzjetiid garre hienen, soenen se bondelje mei harren leafde foar de folksaardige kultuer fan Fryslân.

Lês mear...