Tekst persbericht (Nederlands) >>

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe yn har gearkomst fan 5 desimber 2016 de advyskommisje beneamd foar de Gysbert Japicxpriis 2017. Dy bestiet út dichter Pieter Boskma, Gerlien van Dalen, direkteur fan de Stichting Lezen, en toanielskriuwer Bouke Oldenhof.

De priis sil takend wurde foar oarspronkelike Fryske poëzij út it tiidrek 2013-2016. Yn totaal binne der in fjirtich dichtbondels om te hifkjen. De titels binne te finen yn de listen Nij ferskynd wurk op sirkwy foar de oanbelangjende jierren.
De priis kin ek takend wurde foar in hiel dichtersoeuvre. De foarige dichter dy’t de priis wûn wie Jacobus Q. Smink yn 2013 foar syn dichtbondel Sondelfal. In oersjoch fan alle priiswinners stiet hjir.

Yn juny 2017 wurde de nominaasjes bekendmakke. De priisútrikking is op sneon 14 oktober 2017 yn Boalsert. Sa’t kultuerdeputearre Sietske Poepjes al oankundige yn har taspraak by de foarige Gysbertútrikking wurdt de priiswinner earst bekendmakke by de priisútrikking sels en net mear in moanne fan tefoaren, lykas oant no ta gebrûk wie. Dat is in fernijing fan de proseduere.

Mear oer de Gysbert Japicxpriis


De leden fan de advyskommisje



Pieter Boskma
(1956) hat himsels wolris in ‘Amstelfries’ neamd. Hy waard berne yn Ljouwert en wenne dêr oant syn trettjinde; doe ferhuze er nei Heiloo. Hy studearre ûnder mear Nederlânsk, Ingelsk, Yndonesysk en die doktoraaleksamen kulturele antropology yn 1985. Syn poëtysk gefoel waard wekkerskodde doe’t er as jonge fan sechtjin it wurk fan Paul van Ostaijen en Lucebert lies. Syn debút wie yn 1987 mei de dichtbondel Quest. Ein jierren tachtich hearde er by de jonge dichtersgroep Maximalen dy’t yn dy snuorje nochal wat opskuor joech. Se woene it folle libben en it leven fan de dyk werombringe yn de poëzij. Sûnt dy tiid ferskynden fan Boskma trettjin dichtbondels. De meast bekende is it bejubele en ferskate kearen werprinte Doodsbloei (2010). Fan letter tiid binne Zelf (2014, Nominaasje VSB Poëzieprijs) en it okkerdeis by De Bezige Bij ferskynde Tsunami in de Amstel. Hy skreau ek ferskate proazawurken. Fan syn wurk kamen oersettingen út yn it Frysk (troch Theun de Vries), Ingelsk, Frânsk, Sineesk en yn in tal oare talen. Syn gedicht ‘Het hoogste lied’ is diel fan de poëzijrûte Ljouwert en leit by de Achmeatoer.
Profyl op website KB




Gerlien van Dalen
(1963) is sûnt 2009 direkteur fan Stichting Lezen, it lanlik sintrum dat him ynset foar lêsbefoardering en literatueredukaasje. Se studearre Nederlânske taal- en letterkunde en Keunst en keunstbelied oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn de jierren ’90 wurke se as haad subsdyzjes binnenlân by it Nederlands Literair Produktie- en Vertalingenfonds (ien fan de foarrinders fan it Letterenfonds) en wie doe ûnder oare ferbûn oan de tastânskomming fan de rigen Fryske klassiken I en II. Yn dat ramt folge se in tal jierren kursussen Frysk by de Afûk. Fan 2001 oant 2009 wie se sekretaris letteren by de Raad voor Cultuur. Ut Stichting Lezen wei is se tsjintwurdich ek wer betrutsen by de Fryske literatuer en lêskultuer. Gerlien van Dalen wie foarsitter fan de ‘Griffeljury’ (2010-2012) en sjueryfoarsitter fan de ‘Gouden Lijst’ (2011-2013).
Oer Stichting lezen


Oldenhof Bouke


Bouke Oldenhof (1957) is toanielskriuwer. Hy wurket dêrneist ek as dosint, dramaturch, teäterprodusint, oersetter en resinsint. Nei it ateneum yn Boalsert studearre er Nederlânsk en Frysk yn Grins en teaterwittenskip yn Amsterdam. Fan 1980 oant en mei 1989 wie er redakteur by literêr tydskrift Hjir. Yn 1980 waard er learaar Nederlânsk en Frysk oan ûnder oare de Pedagogyske Akademy te Drachten en de learare-oplieding Ubbo Emmius yn Ljouwert. Foar de Ljouwerter Krante skreau er jierrenlang teaterresinsjes. Fan 1991-1993 wie er koördinator literatuerbefoardering by it FLMD, dêrnei wurke er as dosint dramaturgy op de Noordelijke Hogeschool. Fan 1998 ôf is er fulltime selsstannich toanielskriuwer en oersetter, û.o. foar toanielselskip Tryater. Lanlike bekendheid krige er yn 1995 mei it Abe!-spektakel ûnder regy fan Jos Thie yn it Abe Lenstra Stadion op it Hearrenfean.
Oldenhof wurke ek mei oan litertuerhistoaryske boeken. Hy fersoarge yn 1997 yn ’e mande mei Klaes Dykstra in nije edysje fan it Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, dêr’t er de taheakke 1977-1994 foar skreau. Yn 2006 skreau er foar it literatuerskiednisboek Zolang de wind van de wolken waait it haadstik oer it Fryske toaniel.
Bioskets op sirkwy

Tekst parseberjocht >>


[05.12.2016]