Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe yn har gearkomst fan 8 septimber 2015 de advyskommisje beneamd foar de Obe Postmapriis 2016. De advyskommisje bestiet út Erica Bergema, Rolf Bremmer, Afke de Haan en Marlies de Jong.


De Obe Postmapriis is ornearre foar oersettingen yn en út it Frysk út it tiidrek 2011-2015. Yn de yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis Grinzen oer fan 2013 is bepaald dat de takenningsfrekwinsje fan de priis om de fjouwer jier is. Omdat de foarige takenning mei in jier fertraging plakfûn, beslacht de priis dizze kear wurk út in tiidrek fan fiif jier.
Wa’t in yndruk ha wol fan de titels dy't yn de beneaming komme kin de jieroersjoggen neirinne yn de List nij ferskynd wurk.

De priisútrikking is yn de hjerst fan 2016.

De foarige priiswinner fan de Obe Postmapriis is Anne Tjerk Popkema mei syn Tolkienoersetting De Hobbit.
In oersjoch fan alle priiswinners stiet hjir.


De leden fan de advyskommisje

bergema erica 233x305
Erica Bergema (Stienwyk, 1961) folge nei har gymnasiumoplieding oan it doetiidske Oostergo yn Dokkum de pabo yn Ljouwert en wurke in skoft yn in kibboets. Dêrnei studearre se Frânske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins en oan de Universiteit fan Sherbrook (Québec). Se helle oan de NHL it twaddegraads foech foar Frysk. Sûnt 1990 is se dosinte Frânsk oan it Drachtster Lyseum; yn letter jierren joech se ek Frysk. Yn 2007 waard se begelieder fan de LIO-stazjêres fan de RUG en de NHL op har skoalle. Se is yn 2015 foarsitter fan de sjuery fan de ‘Junior Rely’.

Bremmer rolf foto eeuwke bremmer 256x320
Rolf Bremmer (Swol, 1950) die gymnasium oan it Ichthus College yn Ynskedee en studearre Ingelske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins en de Universiteit fan Oxford. Hy promovearre yn Nijmegen op in stichtlike Midingelske tekst oer de fiif sintugen. Sûnt 1986 wurket er oan de Universiteit Leien. Op it stuit is er heechlearaar Ingelske filology en bysûnder heechlearaar Frysk. In pear fan syn publikaasjes binne '​Hir is eskriven'. Lezen en schrijven in de Friese landen rond 1300 (2004) en An Introduction to Old Frisian: History, Grammar, Reader, Glossary (2009).


Haan Afke de foto skoalfotograaf 2013 281x400

Afke de Haan (Idaard, 1960) waard grut op in pleats yn it Hôflân ûnder Grou. Se die vwo oan de Ryksskoallemienskip op It Hearrefean en studearre Ingelske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins. Nei har stúdzje krige se in baan as dosinte Ingelsk op it Stedsgymnasium yn Ljouwert. Dêr jout se ek de lessen foar de Cambridge Advanced en Proficiency certificates. Fierder joech se fan 1988 oant 1995 Ingelsk op de NHL. Yn har lessen Ingelsk hat sy in protte omtinken foar de Ingelske en Amerikaanske literatuer en literatuerskiednis; se ûntwikkele dêr ek lesmateriaal foar.

Jong Marlies de utsnede 373x349

Marlies de Jong (Snits, 1964) studearre Frânske taal- en letterkunde oan de Universiteit Leien en is beëdige oersetter Frânsk; se die ek propedeuze Italiaansk. Nei har doktoraal folge se in healjier Frânske literatuer oan de universiteit Paris VII-Jussieu yn Parys. Se wurke in oantal jierren as dosinte Frânsk oan te Stedsgymnasium yn Leien en op it Stanislas College yn Delft, dêrnei oan it Linde College yn Wolvegea en sûnt 2005 oan it Kristlik Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert. Neist Frânsk jout se ek Italiaansk oan learlingen as tarieding op de klassike skoallereis fan fyfdeklassers nei Rome.


[pleatst 16.09.2015]