De sjuery foar de Rink van der Veldepriis 2016 bestiet út de folgjende minsken.
Tsjitske Madison-Snel (1970) is hikke en tein yn de polders fan Felsen. Se learde op lettere leeftiid Frysk en praat én skriuwt no makliker Frysk as Nederlânsk. Sy is suver fereale op ús taal en kin sawat elkenien entûsjast meitsje op dat mêd. Se hat har eigen Frysktalich webloch, sjoch http://www.kitty-madison.blogspot.nl/
Meindert Reitsma (1994) studearret foar de master Europeeske Letteren en Kultueren oan de RuG, mei as spesjalisaasje Fryske literatuer. Hy is fierder ek aardich aktyf yn it literêre fjild. Hy is mei-oprjochter en foarsitter fan Stifting Skanomodu en sit yn de redaksje fan Y-Skrift Skanomodu. Hy skriuwt ferhalen, besprekken en essays. Sûnt koart besprekt er foar it Friesch Dagblad Fryske non-fiksje en oersettingen. Dêrneist is er ek noch dwaande mei wurk fan langere azem.
Siets Ypenga (1946) fersoarge yn har wurksum libben de Fryske stipefunksje by de biblioteken yn Fryslân. Yn dy tiid binne yn 'e mande mei oare organisaasjes projekten foar de bern opset, sa as Tomke en de Berneboekesjuery, en foar âlderen it projekt 'Dat wie doe sa'. Fierder hie se in sit yn ferskate sjuerys, wêrûnder dy fan de Simke Kloostermanpriis en de Gysbert Japicxpriis. No't se út it wurk is, giet se op stap mei (folks)ferhalen, want se mei graach fertelle.
Mear oer de Rink van der Veldepriis >>
Nominearre titels >>
[pleatst 04.01.2016]